Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ073102

Een sage (mondeling), dinsdag 22 juli 1969

Hoofdtekst

Tichte by Piter Kikkert ûnder 't Surhústerfean stie in boerespul, dêr stie de skuordoar altyd fan iepen. Dat wie ek sekuer wier, dat seinen Jan en alleman.
Guon gongen moarns bitiid nei 't wurk, dan moesten se by Piter Kikkert oer 't hiem. Dan seagen se dêr dy doar wol iepen stean. Op in moarn ier en bitiid soe der in arbeider mei de Feanster boat nei 't wurk ta. Dy boat lei yn 'e Feanster feart. Hy moest dat boerespul foarby en moest by de hekke dêr om 't omstapke hinne. Wylst er dat die hied er in wite gedaente sjoen, dy't der útseach as in frommes. Dy stie flak by him. Hy hie de bolskep krigen en dêr hied er mei slein. Mar doe hied er troch de hiele wite gedaente hinne slein. Hja wie fan ûnder ta boven wyt west en hja wie ta de iepen doar fan it boerespul yn gong. (Froeger mat in frou har dêr ophong ha)
Doe't er op 'e boat kom, mat er noch rare bleek om 'e noas west ha. Doe kom der in maet op him ta, dy sei: "Bistû dêr ek lâns kom nyskes by dat omstapke?"
"Ja", sei er.
Doe't se togearre oan 't praten rekken die bliken dat dy oare dêr krekt itselde ûnderfoun hie, even earder as de lêste.


Onderwerp

SINSAG 0435 - Selbstmörder als Wiedergänger, erscheint an der Stelle, wo er sich das Leben nahm.    SINSAG 0435 - Selbstmörder als Wiedergänger, erscheint an der Stelle, wo er sich das Leben nahm.   

Beschrijving

Bij een boerderij stond altijd de schuurdeur open. Een arbeider die over het erf moest ziet een witte vrouwengedaante staan. Hij slaat met een schep, dwars door haar heen. De gedaante gaat door de open deur. In die deuropening zou zich vroeger een vrouw opgehangen hebben. Het blijkt dat een andere arbeider hetzelfde heeft meegemaakt



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 731, verhaal 2 (Archief Meertens Instituut)

Commentaar

22 juli 1969
Selbstmörder als Wiedergänger, erscheint am Stelle, wo er sich das Leben nahm

Naam Overig in Tekst

Fean    Fean   

Veenstervaart    Veenstervaart   

Piter Kikkert    Piter Kikkert   

Pieter    Pieter   

Jan    Jan   

Naam Locatie in Tekst

Veen    Veen   

Feansterfeart    Feansterfeart   

Surhústerfean    Surhústerfean   

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21