Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ073108

Een mop (mondeling), dinsdag 22 juli 1969

Hoofdtekst

Der wie in boer, dy syn frou krige wol gauris bisite fan 'e pastoar. De boer krige yn 'e gaten, dat it om syn wiif-sels to rêdden wie. Hy hie in lytsfeint, dat wie Jan. Hy sei tsjin Jan: "Jan, gean dû yn dy en dy beam dêr sitten. En dan mast goed sjen hwat der gebeurt, dan krigest in pear nije klompen fan my, ast my dat fortelst."
"Goed boer", sei Jan.
De boer wist, dat syn wiif de pastoar der altyd even lâns brochte, as er fuort gong.
Jan siet yn 'e beam en dêr kommen de pastoar en de boerinne al oan. Mar doe gebeurde der hwat dêr't Jan rare egen fan opsette. De frou lei yn 't gjers en de pastoar der boven op. Doe't it dien wie sei de boerinne: "O, mynhear de pastoar, as der nou ris hwat fan komt."
De pastoar sei: "Stil maar, stil maar, daar zorgt die daar boven wel voor."
Mar de jonge yn 'e beam tochte dat de pastoar hìm dêr mei bidoelde, en hy sei: "Om 'e bliksem net hear, net foar in pear nije klompen!"


Onderwerp

AT 1355C - The Lord Above Will Provide    AT 1355C - The Lord Above Will Provide   

ATU 1355C - The Lord Above Will Provide.    ATU 1355C - The Lord Above Will Provide.   

Beschrijving

Een boer vond dat de pastoor wel erg vaak bij zijn vrouw langskwam, en liet zijn knecht voor een paar klompen in de boom kijken wat er dan toch altijd gebeurde. De knecht zag de boerin en de pastoor in het gras gaan liggen. De boerin was bang dat er wat van zou komen, maar de pastoor stelde haar gerust dat hij daarboven daar wel voor zou zorgen. De knecht dacht dat de pastoor hem bedoelde, en zei: "Om de bliksem niet meneer, niet voor een paar klompen!"

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 731, verhaal 8

Commentaar

22 juli 1969
The Lord Above Will Provide

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21