Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ073110

Een sage (mondeling), dinsdag 22 juli 1969

Hoofdtekst

Bearn van der Woude fan Grinzer Pein fortelde: Der wie in widdoufrou, dy wie al hwat âld. Mar sy hie noch wol nocht oan in man. Dat der kom wolris ien by har. Dy sei op in kear: "Ik sil har sa'n ding keapje." Dêr die er sûpe yn. Doe gong er nei 't âld-wiif ta . En doe gong it oan.
Fan dy tiid ôf bigoun 't âld-wiif to groeijen. Op 't lêst seinen har jonges tsjin har: "Mem is al âld, mar it liket der in soad op, dat mem yn 'e kream mat."
Doe hellen se dokter der by en dy ûndersocht har.
"Hoe sit it," sei se, "mat ik in bern ha?"
"Welné minske", sei dokter.
"Hwat skeelt my dan?" frege se.
Dokter sei: "Jo matte opereard wurde. Hwant jo hawwe mei sa'n kunstding skript en dêr siet sûpe yn. Nou is dy sûpe skift en dat is tsiis woarn. It is wol in tsiis fan tsien poun. Dy mat dêr weinom wurde." (Bearn fortelde der by dat it dêr by harren yn Grinzer Pein gebeurd wie)


Beschrijving

Een man gaf een bevriende weduwe een kunstpenis met wat drinken erin. Na een tijdje werd de vrouw alsmaar dikker, en ze vroeg de dokter of ze zwanger was. De dokter onderzocht haar. Hij zei dat ze drank naar binnen had gespoten dat was gaan schiften. En dat was een kaas geworden van wel tien pond.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 731, verhaal 10

Commentaar

22 juli 1969

Naam Overig in Tekst

Bearn van der Woude    Bearn van der Woude   

Grinzer Pein    Grinzer Pein   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21