Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ073212

Een sage (mondeling), zondag 20 juli 1969

Hoofdtekst

Tsjoensters wienen froulju, dy't bern bitsjoene koenen. Sy koenen har ek yn allerhande dieren foroarje.
Ien fan 'e bern fan myn beppe rekke us op in kear bitsjoend. It bern wie altyd siik. Doe gong ús pake nei de duvelbander fan de Knipe ta, dat wie Lolke Woudstra.
Lolke joech in fleske mei drank mei. Hy sei tsjin pake: "Hjir mastû tige op passe. It mat achter slot yn 'e kast. Dan sil 't letter wol in soad leven en gewelt jaen. Mar dêr matte jim jimme net oan steure. Jimme matte it slot bislist net losmeitsje. Hâlde jim 't fêst, dan forbrânt de tsjoenster."
It gebeurde sa lyk as Lolke sein hie. It woarde ien en al leven yn 'e kast. Op 't lêst wienen se deabinaud woarn, dat doe hienen se it slot losmakke.
In skoftsje letter wienen se Elske Woarst tsjin kom, dat wie in tsjoenster. Dy hie alhiel forbrând om 'e holle west. Dy hie 't dien, dat koenen se nou sjen.
Der hienen krânsen by 't bern yn 't kessen sitten. Nei 't se alles yn 'e hûs goed ticht makke hienen woarden dy opbrând.
It bern is wer better woarn.


Onderwerp

TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek    TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   

Beschrijving

Heksen kunnen zich in allerlei dieren veranderen en kinderen betoveren.
De grootvader van een betoverd kind kreeg eens van de duivelbanner een drankje mee. De duivelbanner zei dat hij het flesje thuis achter slot en grendel moest zetten. Er zou dan een hoop leven uit de kast komen, maar ze mochten per se de kast niet openen. Op deze manier zou de heks verbranden. Toch maakten de mensen na een tijdje de kast open, zo bang waren ze. Later kwamen ze een heks tegen, en haar hoofd was helemaal verbrand geweest. Toen wisten ze wie hun kind betoverd had. Ook vonden ze kransen in het kussen van het kind. Ze hebben alle gaten in huis dicht gemaakt, en de kransen verbrand. Het kind is weer beter geworden.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 732, verhaal 12

Commentaar

20 juli 1969
Heks maakt kind (mens) ziek

Naam Overig in Tekst

Lolke Woudstra    Lolke Woudstra   

Knipe    Knipe   

Elske Woarst    Elske Woarst   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21