Hoofdtekst
Der wienen in feint en in faem, dy tsjinnen by de boer. De faem sei tsjin 'e feint: "Hwat soenen de boer en 'e frou alle nachten by de ein ha?"
Doe sei de feint: "De boer hat in fylke, dêr boartet de frou alle nachten mei."
Doe sei de faem: "Dan woe 'k wol dat ik èk sa'n fylke hie."
Doe sei de feint: "Dy fylkes binne yn 'e stêd wol to keap. Ik mat der dochs hinne, dan sil ik dy wol ien meinimme."
Doe sei de faem: "Hwat kostje se?"
"In fylke kostet hûndert goune", sei de feint.
Doe't de feint wer thús kom út 'e stêd, woe se fuort de fylke ha. Mar de feint sei: "Ik mat mei dy op bêd, oars kin 't net. Dat dogge de boer en de boerinne ek."
Dy nachts rekke er mei de faem op bêd. Doe krige hja fan 'e fylke. Hy die it trije kear mei har, doe sei se: "Noch in kear! Noch in kear!"
Mar de feint sei: "Né, wy matte nou ophâlde, oars is 't neat mear wurdich."
De oare moarns bitiid rekke it wer los. En dat gong sa alle dagen. De feint koe 't op 't lêst net langer folhâlde en hy rekke út tsjinst. Hy tocht: "Ik mat hjir wei", hwant de faem rekke noait in kear sêd fan 'e fylke.
Doe't er fuort gong, roan hja him achternei. Hja rôp tsjin him: "Myn fylke! Myn fylke!"
Op 't lêst goaide de feint in grouwe stien yn 'e sleat en sei: "Dêr leit de fylke."
Dêr bleau hja by stean en hja rôp mar: "Myn fylke, myn fylke", en dan wiisde se nei 't plak dêr't de stien delkom wie.
Doe kom dêr in joad oan. Dy sei: "Wat is hier aan de hand?"
Hja sei: "Myn fylke leit der yn."
"Is 't anders niet," sei de joad, "voor een rijksdaelder haal ik het er uit." De faem joech him in ryksdaelder en de joad strûpte syn mouwen op en klaude mei syn bleate earms yn 't wetter om. Mar hy koe 't net pakke.
Doe luts dy joad syn beide broeken út en sa gong er mei de neakene kont strampele oer de sleat stean.
Mar doe roan de faem op him ta en sy pakte de joad by de kloaten en doe rôp se: "Dêr haw ik myn fylke!"
De joad rôp: "Laat los! Laat los! Je krijgt je rijksdaelder weer!"
Mar de faem liet net los.
Ik tink, dat se dêr nòch togearre sa stean.

Onderwerp
AT 1543A* - A Combing-machine   
ATU 1543* - The Man without a Member.   
Beschrijving
Een knecht vertelde de meid dat de boer en boerin 's nachts altijd met het vijltje van de boer speelden. De meid wilde dat ook wel eens. De knecht kocht voor haar een vijl in de stad, ze betaalde er honderd gulden voor. Om er mee te kunnen spelen, moest ze samen met de knecht op bed. De meid vond het fantastisch, en kon er maar nooit genoeg van krijgen. De knecht werd het wel zat, en hij besloot te vertrekken. De meid liep hem achterna, ze wilde haar vijltje hebben. De knecht gooide een steen in het water en zei dat dat het vijltje was. Er kwam een Jood langs, die wilde voor de meid het vijltje wel uit het water halen. Maar hij kon niets vinden, en om beter te kunnen zoeken, trok hij zijn broek uit. Toen de meid hem zo zag, riep ze dat hij haar vijltje had, en ze pakte hem bij zijn geslacht.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 734, verhaal 1
Commentaar
15 augustus 1969
A Combing-machine
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21