Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ073501

Een mop (mondeling), maandag 04 augustus 1969

Hoofdtekst

Der wienen in man en in frou, dy hienen in hountsje. Dêr wienen se och sa mâl mei. Mar dat hountsje woarde loopsk en sy woenen gjin jonge hounen ha. Doe't de man de moarns nei 't wurk ta moest, sei er tsjin 'e frou: "Tinkstû der om, dat de houn der net út komt? Hy mat binnendoar bliuwe."
"'k Sil der om tinke", sei se.
Doe kom der dy moarns in Westereintsjer by de doar, dy hie tekkens to keap. Doe't er de doar iependie sei 't minske:
"Tink der om, de houn mat der net út, dy is loopsk!"
De Westereinder die de doar gau achter him ticht, doe sei er:
"Dêr wyt ik in goed middel foar, frou. Jo dogge hwat bensine oer 't hountsje, dan rûke de hounen net dat er loopsk is."
De frou kocht in tekken en sy tocht: "Dat middel sille wy ris bisykje." En doe liet se de houn bûten.
De jouns kom har man thús.
Sy sei: "Nou hat in Westereinder my in moai middel oan 'e hân dien." En doe fortelde se him hwat se mei de houn dien hie.
"Soa," sei de man, "nou dan hat dy bensine nou grif op west, hwant ús houn sit al op sleeptou."


Beschrijving

Een man waarschuwde zijn vrouw eens hun loopse hondje niet buiten te laten, want ze wilden geen jonkies. Een dekenverkoper zei tegen de vrouw dat ze dan wat benzine over het achterwerk van het dier moest gieten, dan zouden de honden niet ruiken dat ze loops was. 's Avonds vertelde de vrouw dit aan haar man. Hij zei dat de benzine dan nu wel op was, want het dier zat al op sleeptouw.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 735, verhaal 1

Commentaar

4 augustus 1969

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21