Hoofdtekst
Abraham en Mozes wienen ris oan 't kuijerjen. Doe kommen se by in greate boereplaets. Dêr wie in great apelhôf by, dêr sieten moaije dikke apels oan 'e beammen.
Abraham sei tsjin Mozes: "Wy matte mar even hôfkesjonge."
Dat like Mozes goed ta.
Sy der yn en Mozes klom yn 'e beam. Wylst hâldde Abraham de wacht. Mozes hie syn klompen ûnder 'e beam stean.
Mozes bigong to skodzjen en der foelen al forskeidene apels del. Mar doe gong de doar iepen en dêr kom de boer oan.
Abraham warskôge Mozes, mar dy koe der sa gau net útkomme en bleau doe mar yn 'e beam sitten.
Abraham naeide út sa hurd er koe.
De boer seach Abraham fuort rinnen, mar hy hie net yn 'e gaten dat der ek noch ien yn 'e beam siet. Doe gong er mar wer yn 'e hûs.
Mozes wachte noch in skoftsje, doe kom er út 'e beam wei. Abraham wie nergens to finen.
Mozes frege ûnderweis oan in mantsje dy't yn 't lân oan 't wurk wie: "Ha jo Abraham ek sjoen?"
Doe sei dat mantsje: "Abraham is doch al lang yn 'e hemel?"
"Och heden," sei Mozes, "dan hat er myn klompen ek noch mei nom."

Beschrijving
Abraham en Mozes wilden eens appels stelen uit het hof van een boer. Abraham hield de wacht, en Mozes klom in de boom. Zijn klompen liet hij beneden staan. Maar toen de boer gealarmeerd naar buiten kwam, ging Abraham er met de klompen snel vandoor. De boer zag niemand, en ging weer naar binnen. Na een tijdje klom Mozes uit de boom, en ging er ook vandoor. Onderweg vroeg hij een mannetje of hij Abraham ook had gezien. De man zei verbaasd dat Abraham toch al lang in de hemel was. "Och heden," zei Mozes: "dan heeft hij mijn klompen ook nog meegenomen."
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 735, verhaal 5
Commentaar
4 augustus 1969
Naam Overig in Tekst
Abraham   
Mozes   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21