Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ073801

Een sage (mondeling), vrijdag 22 augustus 1969

Leonardo_Diffusion_XL_create_a_high_definition_image_of_a_heav_0.jpg

Hoofdtekst

Der wie in âld-wyfke ûnderweis. Doe bigong de loft hiel bot op to setten. Hy woarde sa min, dat it âld-wyfke tocht: "ik mei wol even skûlje"; en hja krûpte ûnder in hagebosk.
Even letter bigong it al to reinen.
Dêr kommen ek in kikkert en in mûs oanstappen.
De kikkert sei tsjin 'e mûs: "Ik wol hjir in ûnderdak sykje."
Doe krûpte de kikkert ûnder 't âld-wiif.
Doe sei de kikkert tsjin 'e mûs: "Hwer giestû yn?"
De mûs sei: "Ik gean yn 't breaspyn."
Doe sei de kikkert: "Ik gean yn 'e dobbe." Dat doe hienen se allebeide plak.
It duorre net sa lang of it spielde. Dêr kom in sergeant oan, ek al om to skûljen. Hy kom op it âld-wyfke ta en 't duorre net sa lang, doe woarden se it iens en de sergeant rekke klear by 't âld-wiif.
Doe't de bui oer wie, kom elk wer foar den dach. Doe koenen se allegeare reizgje.
De kikkert sei: "Hwat wie 't in waer, net?"
De mûs sei: "Ik ha neat fornom."
De kikkert sei: "Sy stieken my mei 't bajonet. En doe't se my net bistekke koenen, doe spuiden se my."


Onderwerp

VDK 0282D* - De muis en de kikker in de aars en de vagina    VDK 0282D* - De muis en de kikker in de aars en de vagina   

Beschrijving

Een oud vrouwtje stond eens voor de regen te schuilen. Een kikker en een muis besloten om onder de vrouw te schuilen. De muis klom in de broodkast, en de kikker in het meer. Toen kwam er ook nog een sergeant om te schuilen, en al snel begon hij met de vrouw te vrijen. Toen de bui over was, kwamen de kikker en de muis weer te voorschijn. De muis zei dat hij niets van het weer had gemerkt, maar de kikker zei dat hij eerst met een bajonet gestoken was, en hij daarna bespoten was.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 738, verhaal 1

Commentaar

22 augustus 1969
De muis en de kikker in de aars en de vagina

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21