Hoofdtekst
Myn skoanmem wie in gelovich minske dy't alhielendal net bygelovich wie. 't Wie us op in kear yn 'e hearst. Op in joun. Skoanheit wie der op út. Skoanmem gong út 'e keamer wei troch 't gonkje. De achterdoar wie fêst, op 'e skoattel.
Doe kommen der twa mannen yn 't swart troch de tichte doar en dy brochten hwat yn 'e loads. Dat setten se oan 'e kant del. Hja hearde it hout op 'e stiennen flier.
Even letter kom mem wer yn 'e hûs. Doe sei se tsjin 'e bern, sy moesten fral net oangean, mar har stil hâlde.
In pear wiken letter gong der ien fan har bern dea, in jonkje. Doe kommen der twa lju, dy wienen yn 't swart klaeid. Dy hienen twa skammels by har, dêr't de kiste op stean moest. Dy skammels setten se yn 'e loads del. Sy kommen troch de achterdoar. De beide mannen dy't se earder sjoen hie, wienen de foarboaden.

Onderwerp
SINSAG 0483 - Der Sarg gesehen   
Beschrijving
Een vrouw zag eens twee zwartgeklede gedaantes iets van hout in de loods zetten. Een paar weken later stierf een van haar kinderen, en kwamen de mannen een doodskist in de loods zetten.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 739, verhaal 5
Commentaar
29 augustus 1969
Der Sarg gesehen
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21