Hoofdtekst
Feije Wagenaar en lytse Ljibbe wienen twa kameraten. Sy wennen yn Burgum. Feije wie nochal hwat oan 'e drank. Ljibbe wie fûger en Feije wie metseler.
Op in kear wienen se togearre it fjild yn, 't wie yn 'e winter. De iene sei tsjin 'e oare: "Ik forrek fan 'e honger." Sy wienen krekt by in boereplaets. Ljibbe sei: "Sil ik ris nei de boer ta gean om to freegjen as dy hwat foar ús to iten hat?"
Dat like Feije wol goed ta. 't Wie omtrint tolve ûre. De boer moest sahwat thúskomme.
Ljibbe rint by de hutte lâns en dêr wie de boerinne oan 't jirpelopbakken. Hja wie der krekt even by wei. It rûkte fordulde lekker. Ljibbe sjocht even om him hinne en as er net ien gewaer wurdt, krijt er de pankoekspanne fan 't fjûr en set der mei nei syn maet ta.
"Hwat hat men dochs bêste minsken yn 'e wereld", seit er tsjin Feije. "Ik hie 't minske sa by 't hart, mast tinke, dat sy joech my de hiele panne fol, dêr't se sels oer gear soenen."
"It is al bysûnder", sei Feije.
Hja ieten togearre de koepanne skjin leech. It smakke hearlik. Doe't alles bihimmele wie sei Ljibbe tsjin Feije: "Nou moestû de koepanne wer nei dy minsken ta bringe en har al even goed bidanke."
Dat woe Feije wol dwaen.
Feije der hinne. De boer kom krekt thús om to iten.
Feije seit: "Sjoch, hjir is de koepanne wer. Foaral tige bidankt. De boer nimt de koepanne oan en seit: "Ik sil dy bidanke, dû smearlap." En hy slacht Feije mei de koepanne boven op 'e kop, dat Feije kom mei in greate bult op 'e kop wer by syn maet.

Beschrijving
Een voeger en een metselaar waren eens samen op het veld, toen ze honger kregen. De voeger ging bij een boer kijken of er wat te eten te halen viel. De boerin was juist een paar aardappels aan het bakken. Toen ze even weg was, pikte hij snel de pan. Tegen de metselaar zei hij dat ze die pan aardappels hadden gekregen van de boer, en samen smulden ze er heerlijk van. De voeger vond dat de metselaar de pan dan maar moest terugbrengen, en de boer hartelijk bedanken. Maar toen de metselaar dat deed, kreeg hij van de boer een klap op zijn kop met de koekenpan.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 740, verhaal 1
Commentaar
7 augustus 1969
Naam Overig in Tekst
Feije Wagenaar   
Ljibbe   
Naam Locatie in Tekst
Burgum   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21