Hoofdtekst
Der hie foarhinne in jonge west, dy moest op it fé passe. Hy wenne by de boer. Elke dei gong dy jonge der mei de koeijen op út. Dat bigoun dy jonge bot to forfelen. Hy tocht: Wie 'k mar fan dy koeijen ôf.
Doe't er us wer in kear yn 't lân wie en it fé hoede, kom der in koopman op him ta.
"Is der ek hwat to keap?" frege dy.
"Ja," sei de jonge, "jo meije al dizze koeijen wol keapje. Mar fan dy iene wol 'k de sturt fan hâlde."
Doe forkocht er dy koeijen djûr. Hy barde in protte jild. De sturt fan dy iene koe stuts er heal yn 'e groun. De kwast kom boven ta de groun út.
Doe gong de jonge nei de boer ta.
"Nou is 't net bêst, boer," sei er, "alle koeijen zijn ter aarde gezonken!"
De boer mei him nei 't lân ta. Doe sei de boer: "Sjoch, der is noch ien koe mei de sturt ta de groun út. Dy kinst der miskien noch útlûke."
Mar doe't de jonge bigong to lûken hâldde er de sturt allinne mar yn 'e hân.
Doe kocht de boer in keppel skiep. Doe moest dy jonge dêr op passe. Hy tocht: Nou mat ik wèr elke dei hoedzje. Myn lot is der noch neat better op woarn.
Doe kom dyselde koopman, dy't de koeijen kocht hie, wèr by him. "Hast ek hwat to keap?" frege dy.
De jonge sei: "Jo kinne alle skiep wol keapje, mar de ram dy wol 'k hâlde." Hy barde in protte jild fan 'e koopman en dy gong mei de skiep fuort.
Doe brocht de jonge dy ram boven yn in beam.
Doe gong er nei de boer ta. Hy sei: "Nou matte jo gau komme, boer, want alle schapen zijn ten hemel gevaren."
De boer mei him nei 't lân ta. Doe sei de boer: "Sjoch, dêr krûpt noch ien yn 'e beam. Dy is sa fier noch net kom."
De jonge hie nou in moaije knoarre jild en sette de wereld yn.
*)
*) De eerste keer dat ik dit verhaaltje opteken in Friesland.

Onderwerp
AT 1004 - Hogs in the Mud, Sheep in the Air   
ATU 1004 - Hogs in the Mud; Sheep in the Air.   
Beschrijving
Een jongen was het zat elke dag de dieren te hoeden. Hij verkocht de kudde, en maakte de boer wijs dat de koeien in de aarde waren verdwenen. Ook een nieuwe kudde schapen verkocht hij, en nu maakte hij de boer wijs dat ze ten hemel waren gevaren. Hij had nu genoeg geld om de wereld in te trekken.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 746, verhaal 4
Commentaar
5 september 1969
Hogs in the Mud, Sheep in the Air
Naam Locatie in Tekst
Friesland   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21