Hoofdtekst
Op in kear wie ús mem siik. Doe reizge heit nei Wapstermoune ta, dêr wenne doe in bikende kwaksalver. Heit hie mem har wetter meinom. Hy krige in drankje mei. Dat kostte fiif goune. Heit sei tsjin him: "Soe dit bate?"
Hy sei: "Gods zegen kan een hoop doen."
It holp wol. Sy is better woarn.
Doe't heit dêr siet, praette er mei in man, dy't er dêr trof.
Dy man sei, hy forgong altyd fan jokte. Doe hie de kwaksalver tsjin him sein: "Jo matte joun by my komme as de minsken bigjinne de lampe op to stekken."
Doe wie dy man nei him ta gong. De kwaksalver brocht him nei de tún. Dêr hied er in great gat dold. Dêr moest dy man neaken yn, mei de holle boven ta de groun út.
Doe't er dêr in skoft yn tahâlden hie, woarde hy der wer úthelle. Doe hied er allegear rûpkes op 'e rêch hawn.
Dy hie de kwaksalver der ôfstrutsen. Dy wienen út it lichem wei gong troch de fochtige ierde.
Oer fjirtsjin dagen moest er wer komme. Dan moest er nochris yn 'e groun en dan wie er genezen.
Sa wie dy man syn jokte kwyt rekke.

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Een man had altijd zo'n last van jeuk. Een wonderdokter liet hem op een avond bij zich komen, en liet hem in een gat in de tuin gaan zitten. Na een tijdje kwam de man eruit. Hij had allemaal rupsjes over zijn lijf, die de kwakzalver verwijderde. Na veertien dagen deden ze dit nog een keer, en toen was de man genezen.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 746, verhaal 8
Commentaar
5 september 1969
Volksgeneeskunde
Naam Overig in Tekst
Wapstermoune   
Wapstermolen   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21