Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ074806

Een mop (mondeling), dinsdag 16 september 1969

Hoofdtekst

Der wienen twa ûngetiders by de boer. Dy leinen dêr de nachts op bêd. Doe sei de iene: "ik ha toarst, ik kin net sliepe."
Doe sei de oare: "Der stiet wol in krûk mei kâlde sûpenbrij yn 'e kelder. Dêr kinst dy wol sêd fan drinke. Nim my ek even in sleeffol mei."
Doe't dy ûngetider sêd wie krige hy der noch in sleeffol út foar syn maet. Mar doe't er nei 't bêd ta soe dêr't se leinen, rekke er yn 't tsjuster fordwaeld en sa kom er by 't bêd fan 'e boer en de boerinne. Mar dat seach hy net. De boerinne lei foar en dy lei mei 't bleate gat oer de bêdsplanke, hwant it wie dêr near yn 'e keamer. De ûngetider tocht, dat dat it gesicht wie fan syn maet en hy hâldde de sleef der by.
Doe blaesde de boerinne ôf.
"Dû hoechst net to blazen," sei de ûngetider, "de brij is ommmers kâld."
Doe blaesde se nochris wer ôf. Doe woarde de ûngetider sa lulk dat hy sloech har mei de sleef tsjin 't bleate gat oan, dat alle brij rekke út 'e sleef wei en de boerinne woarde wekker.
Doe fornom er dat er by 't forkearde bêd stie.
Hy makke gau dat er wer by syn maet kom.


Onderwerp

AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."    AT 1691 - "Don't Eat too Greedily."   

ATU 1691 - The Hungry Clergyman    ATU 1691 - The Hungry Clergyman   

Beschrijving

Twee arbeiders sliepen bij de boer. Op een nacht had een van hen honger, en hij haalde wat pap voor hem en zijn maat uit de kelder. Toen hij terugkwam, kwam hij per ongeluk bij het bed van de boer en boerin. De arbeider zag de blote kont van de boerin aan voor het gezicht van zijn maat, en hij hield de pan erbij. Juist op dat moment liet de boerin een wind. Boos zei de man dat hij niet hoefde te blazen, de pap was koud. Toen de boerin nog een wind liet, werd hij zo boos, dat hij haar een klap gaf. Nu pas kwam hij erachter dat hij bij het verkeerde bed stond, en snel maakte hij zich uit de voeten.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 748, verhaal 6

Commentaar

16 september 1969
"Don't Eat too Greedily."

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21