Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ074805

Een mop (mondeling), dinsdag 16 september 1969

_82ff19a0-7275-4b1b-baab-a96551124139.jpeg

Hoofdtekst

De doomny en de frou, dy soenen togearre útfanhûs. Sy hienen in faem, dat wie net ien fan 'e snoadsten. De doomny neamde har altyd 'meid-zonder-verstand'.
Doe't se fuort gongen sei doomny tsjin har: "Meid-zonder-verstand, dû mast der goed omtinke: der hinget in side spek boven yn 'e skoarstien. Dy is foar de kâlde winter, hear."
Doe gong er mei de frou fuort.
De oare deis kom der in skoaijer by de doar, dy frege om hwat. "Ik ha neat foar jo", sei de faem. "Mar hwa binne jo eins?"
Hy sei: "Ik bin de kâlde Winter."
"Krekt," sei de faem, "binne jo de kâlde winter. Nou, dan haw ik al hwat foar jo. Dy side spek, dy't hjir yn 'e skoarstien hinget, kinne jo meinimme."
Doe helle se in leiderke op, dat sette se tsjin 'e skoarstien oan en dêr klom de skoaijer by op om de baerch der út to heljen. Mar hy hie sa'n stikkene broek oan, dat it krús wie der alhielendal út. Der hinge hwat ta'n út en dat seach de faem.
"Hwat ha jo dêr hingjen, kâlde winter?" frege se.
Hy sei: "Dat is in dinkje met verstand."
"Dan moest ik dêr hwat fan ha", sei de faem, "hwant doomny neamt my altyd meid-zonder-verstand. Hoefolle kostet dat?"
"Dat kostet in kwartsje", sei de skoaijer.
De faem krige foar in kwartsje fan dat forstân fan him. Doe't doomny wer thús kom seach er yn 'e skoarstien.
It spek wie der út.
Doe frege er de faem hwer't dat spek keard wie.
"De kâlde winter hat der west," sei de faem, "dy hat it spek ophelle."
Doe sei doomny: "Och, och, meid-zonder-verstand."
Mar doe sei de faem: "Ik ha mear forstân yn 't gat as doomny yn 'e kop."

Onderwerp

AT 1541 - For the Long Winter    AT 1541 - For the Long Winter   

ATU 1541 - For the Long Winter.    ATU 1541 - For the Long Winter.   

Beschrijving

Een dominee noemde zijn meid altijd 'meid-zonder-verstand'. Op een keer gingen hij en zijn vrouw uit. Hij zei tegen de meid dat het spek boven de schoorsteen voor de koude winter was bedoeld. De volgende dag kwam er een schooier aan de deur. Die beweerde dat hij de koude Winter was, en de meid wilde hem het spek meegeven. Toen de schooier op een trapje stond om het spek te pakken, zag de meid door zijn kapotte broek iets hangen. Ze vroeg wat dat was. Hij zei dat dat een ding met verstand was. Voor een kwartje kon ze er wel wat van krijgen. Toen de dominee terugkwam, vertelde de meid dat de koude winter het spek had meegenomen. De dominee zei: "Och, och, meid-zonder-verstand." Daarop antwoordde de meid dat ze meer verstand in haar gat had, dan hij in zijn kop.

Bron

Corpus Jaarsma, verslag 748, verhaal 5

Commentaar

16 september 1969
For the Long Winter

Naam Overig in Tekst

Winter    Winter   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21