Hoofdtekst
Der wienen in boer en in frou, dy hienen in feint en in faem. De boer en de frou dy soenen op in kear to jounpraten. Doe trof it krekt sa, dat de baerch bigje moest. Dêr moest de feint op passe.
Om dêr allinne by to wekjen hie de feint net safolle sin oan. Hy sei tsjin 'e faem: "Wolstû my selskip hâlde as de mot bigje mat? Dan kinst my in bytsje helpe."
Dat woe de faem wol en togearre gongen se yn 't hok sitten.
Op 't lêst kommen de bichjes.
"Hoefolle binne der?" frege de faem.
"Der bine alve", sei de feint.
Mar doe sei er: "Forhip, ik tel mar tsien. Der mist ien! Der wienen dochs alve. Hwer kin dy iene bleaun wêze?"
Hy rekke oan 't sykjen, mar de bigge wie nergens to finen.
"Sil 'k dy ris sizze hwer't er is?" sei er tsjin 'e faem. "Hy is dy der ta'n yn krûpt."
Hy sei: "Sil 'k ris sjen?"
"Ja," sei se, "sjoch ris."
Hy mei 't eech der foar en sjen. "Ja, hear", sei er. "Dû sitst mei dat dier dêr. Ik sil him der weistompe." En doe rekke hy oer har gear.
Doe't er klear wie, sei er: "Sjesa, ik ha him der weisketten. Wy sille mar net oer dat beestje prate mei de boer."
Mar nei dit akkefytsje bigoun de faem to groeijen. Hja moest fan 'e feint bifalle. De frou murk it op. Hja sei: "Fanke, hwat mankeart dy? Hwat groeistû."
De faem sei: "Ik doar it hast net to sizzen, frou."
Mar de frou sei: "Siz it mar, wy binne froulju mei elkoar."
Doe sei se: "Net lulk wurde. Doe't wy yndertiid dy bichjes fangd ha, is der my ien ta'n yn krûpt. Doe soe de feint it weimeitsje, mar dat is neat woarn. En dat bichje groeit yn 't liif en dêr rin ik nou al wiken mei om en ik wyt my gjin ried."
De frou sei: "Hie dat mar earder sein, bern. Dy feint is ek sa dom as in baerch. Ik hie dat samar oplost. Wachtsje mar even."
Doe roan de boerinne nei de skuorre ta mei 't sûpfet. Hja hâldde de faem in panfol sûpe foar en rôp: "Kuos, kuos, kuos-" en doe kom de baerch der út.

Beschrijving
Een knecht en een meid waren op een nacht bij een varken dat aan het biggen was. Volgens de knecht kroop er een big bij de meid naar binnen. Er zat niets anders op dan dat hij het dier vanbinnen weg zou schieten. Hij deed zijn ding, maar de meid begon na een tijdje toch te groeien. Ze vertelde aan de boerin wat er gebeurd was en dat er een big in haar aan het groeien was. Toen haalde de boerin een pan met soep en riep 'kos, kos' en toen kwam het varkentje eruit.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 749, verhaal 1
Commentaar
23 augustus 1969
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21