Hoofdtekst
Twa kooplju út 'e Westerein wienen om handel út. Hja rieden yn in auto oer de ôfslútdyk en doe kommen se by in café.
Dêr stoppen se en kochten in kop kofje.
De kastlein sei: "Kooplju?"
"Jonge ja", seinen se.
"Is der noch hwat to finen?" frege de kastlein.
"'t Is sykjen," seinen se, "wite jo soms noch hwat?"
"Hjir wie juster in man, dy hie in pear moaije wite hinnen to keap." Hy joech it adres op en dêr setten de beide Westereinders op ta.
"Ja," sei de man, "ik ha hinnen to keap. Mar ik wol se forkeapje op ien bitingst." Hy sei: "Ik ha hjir sa'n forrekte papegaei, dy matte jim der by nimme, hwant dy wol 'k kwyt. Dy forklapt alles."
"Dat is gjin biswier," seinen de Westereinders, "triuw dy ek mar yn 'e bak." Dat gebeurde.
Dy koop wie sa goed, dat de hearen hienen in bêste deihier en koenen wol wer nei hûs ta.
Doe't se foaroan op 'e ôfslútdyk wienen, stie dêr in dame to liftsjen. Hja seinen: "Dy kin moai mei ride."
De iene sei: "Hja mat achteryn, dan gean ik njonken har sitten en dan rydstû fierder."
Dat wie bêst. Zo gezegd, zo gedaan.
De iene koopman siet moai achteryn njonken de dame.
Doe striek er har ris oer 't bil. Mar doe joech se him in klets op 'e hân.
Doe sei er: "Jow my in tút fan dy." Doe krige er wèr in klets. Doe sei er tsjin syn maet: "Wolst even stopje?" Hy krige de dame by de earm en treau har ta de auto út. Hy sei: "Sokken dy't net frije wolle der út!"
Hja rieden fierder en de dame bleau achter.
Mar mei't hja fierder rieden, kommen se tegenliggers tsjin, dy't hyltyd nei har wiisden.
Hja seagen achterom en doe wie 't allegear wite fear op 'e wei. It hiele paed siet der ûnder. De iene Westereinder sei tsjin syn maet: "Hwat soe dat wêze? Wy meije wolris even sjen."
Hja stopje en hja sjogge yn 'e bak. Alle hinnen binne der út. De papegaei siet der noch. Dy siet pûr allinne yn 'e bak. De beide Westereinders seinen: "Hwat is dit?"
De papegaei sei: "Dy't net frije wolle, der út!"

Onderwerp
VDK 0237E* - "Wie niet vrijen wil moet eruit."   
Beschrijving
Een paar kooplui konden een stel kippen kopen als ze er een papegaai bij namen. Het was een goede koop, en de koopmannen stemden in. Onderweg namen ze ook nog een liftster mee. Maar toen deze niet op de avances van een van hen inging, werd ze uit de auto gezet met de woorden: "Zij die niet willen vrijen, moeten er uit!" Ze reden verder, maar zagen dat ze een spoor van witte veren achter lieten. Toen ze keken wat er was, zagen ze dat alleen de papegaai nog achterin de auto zat. Hij zei: "Die niet wil vrijen gaat er uit!"
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 749, verhaal 2
Commentaar
23 augustus 1969
"Wie niet vrijen wil moet eruit."
Naam Locatie in Tekst
Westereinde   
Westerein   
ôfslútdyk   
Afsluitdijk   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21