Hoofdtekst
Der wenne in boerke yn Hoarnstersweach, dy stie der finansieel net sa bêst foar. Hy frege in lytsfeint en dy krige er.
Dy jonge wie dêr in skoftsje, doe gong dêr in barchje dea by dy boer. De boer tocht: "Ik slachtsje dat barchje, dat komt net yn 'e groun. Dat kinne wy wol meielkoar opite."
Hy slacht it en hja bihimmelen it meielkoar. Sy ieten der lekker fan.
Doe't it barchje goed en wol op wie, stoar der in skiep.
Doe slachte it boerke dat skiep ek en dat gong ek ta 't kielsgat yn.
De lytsfeint tocht: "Nou sil 't my ris binije - as dat skiep op is, hwat wy dan fierder ha matte."
De âlde beppe wenne by harren yn - dat wie de frou har mem - en dy wie tige siik. En, doe it skiep sahwat op wie, doe kom 't âld-minske to forstjerren.
De jonge tocht: "Nou smeer ik 'm, hwant nou komt âlde beppe aenst op 'e tafel en dêr wol 'k net in stikje fan ha."

Onderwerp
VDK 1321Z* - Toen de grootmoeder stierf   
Beschrijving
Bij een arme boer stierf een varkentje. In plaats van het te begraven, aten ze het op. Niet veel later stierf er een schaap. Ook die aten ze op. Toen niet veel later de inwonende grootmoeder overleed, ging de knecht er snel vandoor. Hij was bang dat die ook op tafel gezet zou worden.
Bron
Corpus Jaarsma, verslag 750, verhaal 1
Commentaar
25 augustus 1969
Toen de grootmoeder stierf
Naam Locatie in Tekst
Hoarnstersweach   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21