Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ075006

Een sage (mondeling), maandag 25 augustus 1969

Hoofdtekst

't Wie yn 't bigjin fan ús trouwen. Ik droomde, ik wie stoarn en sy brochten my nei 't tsjerkhôf. Ik seach àlles wol. Ik seach dat se myn lichem oan 'e ierde tabitrouden. Mar myn siele gong nei de himel.
Op 't lêst wie ik yn 'e ûneinige rûmte en ik mar rinne en rinne. Doe kom ik ynienen foar in hiele greate skoudoar to stean. Dêr stie op: Hemel.
Der kom ien oan mei in great burd. Dat wie Simon Petrus.
Hy sei tsjin my: Dû mast hjir net wêze. Dû mast dêr wêze.
Dêr stie: Hel.
Ik tocht: Ik wol even wachtsje en harkje.
Doe gong de doar ynienen iepen. Fan alles brânde der achter. En dêr stie Satan mei in rûch boarst en in rûch burd en dy pakte de minsken by de nekke en smiet se yn 't fjûr.
Hy wie tichte by my en soe my pakke. Ik dûkte my.
Op 't lêst hied er alle oare minsken al yn 't fjûr smiten.
Hy en ik wienen der togearre noch oer.
Doe soed er my pakke en yn 't fjûr smite, mar doe sprong ik oerein yn 't bêd.
Myn wiif sei: "Hwat is der dochs mei dy?"
Ik sei: "De duvel!" Ik wie wekker. (echt gebeurd)


Beschrijving

Een pasgetrouwde man droomde eens dat hij stierf en bij de hemelpoort kwam. Maar Simon Petrus wilde hem niet binnen laten. Bij de poort van de hel probeerde de duivel hem te grijpen. Juist op dat moment werd de man weer wakker in zijn bed.



Bron

Corpus Jaarsma, verslag 750, verhaal 6

Commentaar

25 augustus 1969

Naam Overig in Tekst

Simon Petrus    Simon Petrus   

Satan    Satan   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21