Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ075101 - Klein Duimke

Een sprookje (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Klein-Duimke
Der wie in boer, dy siet ûnder in koe to melken. Doe hearde er ynienen in stim: "Melk, boer, melk, boer, ik sit yn 'e koe syn gat."
De boer woarde kjel en seach om him hinne, mar hy koe neat gewaer wurde. Mar doe fornom er dat it lûd binnen út 'e koe wei kom.
Doe slachte hy de koe en hy smiet de pânse op 'e skerne.
Doe kom der in âld wiif oan, dy seach dy pânse dêr lizzen. Hja krige him dêr wei en woe der mei fuortgean. Mar doe hearde se in stim, út 'e pânse wei, dy sei: "Lizze litte, of ik snij dy de hals út."
Doe liet dat wyfke dy pânse lizze en sy gong nei de boer ta.
En doe sei de boer: "Nim jo dy pânse mar mei."
Doe gong hja dan mei de pânse op stap.
Mar Klein Duimke makke in gat yn 'e pânse en dêr kroep er troch. En doe gong er nei sé ta. Hy krûpte yn in nutedop en sa farde hy oer 't wetter. En doe sei er: "Ik ha skijt oan jimme!"

Onderwerp

ATU 0700 - Thumbling    ATU 0700 - Thumbling   

Beschrijving

Een boer zit een koe te melken en hoort opeens een stem uit het achterwerk van de koe die om melk vraagt. De boer slacht de koe als hij verneemt waar het vandaan komt en gooit de pens op de mesthoop. Als een vrouw de pens wil meenemen hoort ze een stem hieruit komen en vraagt toestemming aan de boer. Het mag. Klein Duimpje kruipt uit de pens, gaaat naar zee, kruipt in een notedop en vaart weg over het water. Hij zegt dat hij maling aan de rest heeft.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 751, verhaal 1

Commentaar

onbekend
Tom Thumb

Naam Overig in Tekst

Klein Duimpje    Klein Duimpje   

Klein-Duimke    Klein-Duimke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21