Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ075301

Een sage (mondeling), woensdag 01 oktober 1969

Hoofdtekst

Op in kear sieten der in stik of hwat manlju yn Beets yn 'e kroech om 'e tafel hinne. Ien fan dy mannen dat wie raren, dy sei: "Nou sil ik aenst skoppenboer fuortstjûre om in flesse drank. Ien fan jimmes mat de flesse oankrije. As er dat net docht, gean ik der oan. Hwa wol de flesse krije?" Der wie ien dy bea him oan.
Doe goaide dy earste de kaert troch de doar. It duorre in skoftsje doe waerd de doar iependraeid en dêr waerd de drankflesse trochskoud. Sy koenen oars neat sjen as de flesse. Der wie net in persoan of in hân oanwêzich.
Dy flesse kom op de groun to stean.
Doe doarst deselde dy't biloofd hie him to krijen dy flesse dêr net wei to pakken. Op 't lêst sei er: "Set him op 'e tafel, dan sil 'k him beet krije."
Doe kom dy flesse op 'e tafel to stean en doe forsette hy him in eintsje. De ûnsichtbere macht hie him op 'e tafel set.
Mar net ien fan 't selskip - der wienen sa'n seis, sawn - hat der in drip fan preaun. Sy wienen der allegear bang foar.
Sy binne fuort dêrnei nei hûs ta gong en sy ha noait wer kaertspile.

Onderwerp

SINSAG 0685 - Pikbube als Helfer.    SINSAG 0685 - Pikbube als Helfer.   

Beschrijving

Een aantal mannen zit in een kroeg in Beets te kaarten als een van hen een kaart wegstuurt voor een fles drank. Een ander moet hem vangen, anders gaat de wegstuurder dood. De kaart wordt door de deur gegooid en even later komt de fles erdoorheen, die op de grond belandt. Een onzichtbare hand zet hem vervolgens op tafel. Niemand drinkt er echter van en ze gaan naar huis en kaarten nooit meer.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 753, verhaal 1

Commentaar

1 oktober 1969
Pikbube als Helfer.

Naam Locatie in Tekst

Beets    Beets   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21