Hoofdtekst
Op it Fliet yn Ljouwert wenne earen in âlde boer mei dy syn frou. Myn wiif hat dêr arbeidster west.
Op in kear fortelde dy frou har: Je ha soms nuvere dingen.
Doe't ik noch faem wie wie 'k ris in kear mei myn kammeraetske by Lammert de Jong yn 'e herberch. Dêr wie doe in swarte spegel. Doe seinen se tsjin my: "As jo yn dy spegel sjogge, dan wurde jo de byltnis gewaer fan de man dêr't jo mei trouwe sille." Ik seach der yn en dêr wie in manljusportret to sjen. En werklik: it wie myn man; ik koe him doe noch net. Mar hy wie 't, hear. It kom wol nei.
Myn kammeraetske, dy't by my wie, woe net yn dy swarte spegel sjen. Mar ik sei tsjin har: "Toe, dû mast nou net in spultsjebrekker wurde. Dû mast ek ris sjen."
Op 't lêst liet se har biprate, mar doe krige se in deakiste to sjen; de deakiste, dêr't se letter yn lizze soe.
Sy is noait troud, altyd is se âld-faem bleaun.

Onderwerp
SINSAG 0688 - Der Zauberspiegel   
Beschrijving
Mijn vrouw is werkster bij een boer en boerin in Ljouwert geweest. Toen de boerin nog in dienst was, ging ze met een vriendin naar de herberg van Lammert de Jong, waar een spiegel stond die aangaf met wie je later ging trouwen. Zij zag haar latere man in de spiegel, terwijl haar vriendin een doodskist zag. Ze is nooit getrouwd.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 753, verhaal 2
Commentaar
1 oktober 1969
Der Zauberspiegel.
Naam Overig in Tekst
Fliet   
Lammert de Jong   
Naam Locatie in Tekst
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21