Hoofdtekst
Der wienen ris twa man, dy woenen ien bang meitsje.
Sy seinen tsjin him: "Doarstû by nacht wol allinne op it tsjerkhôf to kommen?"
"Wiswol," sei de man, "hwerom net?"
Doe praetten se ôf, dy nachts om tolve ûre soe dy man oer 't tsjerkhôf rinne. Die er it, dan krige er in flesse drank; as hy der foarom krûme, dan moesten hja in flesse drank ha.
It paed gong by 't boerhúske lâns.
Doe't it hast tolve ûre wie gongen dy beide mannen yn in wyt lekken boven op elkoar stean tsjin 'e muorre fan 't boerhúske oan.
"Hark," sei de iene, "dêr komt er oan."
It wie sa. De man kom der oan. Hy wist fan dy beide mannen neat ôf, mar doe seach er dy wite gedaente dêr.
Hy bleau stean en sei: "Nou is 't raer. 'k Ha wol ris twa op elkoar stean sjoen dy't wyt binne, mar noch noait in tredden dêr bovenop, dy't swart is."
Doe't dy twa dat hearden, woarden se sa bang, dat sy naeiden hurd út. Sy tochten dat dy trêdde, dat dat de duvel wie.
De man hie de flesse drank fortsjinne.

Onderwerp
VDK 1676E* - Spookspelen: twee witten met een zwarte erop   
ATU 1676 - The Pretended Ghost   
sinVDK 1676E* - "Zwei Weisse mit einem Schwarzen darauf, hab ich noch nie gesehen"   
Beschrijving
Twee mannen willen een ander bang maken en vragen een man 's nachts om twaalf uur alleen naar het kerkhof te lopen. De weddenschap gaat om een fles drank. De twee mannen gaan op deze tijd in een wit laken op elkaar staan tegen een muur van het boerenhuis, dat naast het pad staat. De man komt inderdaad later aangelopen en als hij beide witte gedaante ziet, zegt hij dat hij weleens twee mensen op elkaar heeft zien staan, maar nog nooit een zwarte derde. De twee denken dat het de duivel is en rennen weg. De man wint de weddenschap.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 758, verhaal 5
Commentaar
6 september 1969
Spookspelen: twee witten met een zwarte erop
Naam Locatie in Tekst
Hark   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21