Hoofdtekst
Der stie ris in doomny op in doarp, dy doarst wol to sizzen hwer't it op stie. Dêrtroch makke er him fijannen ûnder guon minsken. Sa wie der ek in feint, dy hie de pik op him yn. Dy woe him wol formoardzje.
Op in joun doe moest dy doomny nei in forgadering ta. Even fan tofoaren foardat dy doomny werom kom stelde er him fordekt op.
Doe't de doomny omtrint oan him ta wie, soed er him to liif en him formoardzje. Mar doe seach er dat doomny oan elke kant ien neist him hie. Doe doarst er net.
Letter is dy feint hielendal foroare. Doe hat er de doomny it gefal forteld. Mar de doomny sei: "Ik hie net in minske njonken my, ik wie hielendal allinne."

Onderwerp
VDK 0770A* - De engelenwacht   
sinVDK 0770A* - Die Engelwache   
Beschrijving
Een dominee durft te zeggen waar het op staat en maakt hierdoor vijanden, waaronder een knecht die hem wel kan vermoorden. Als de dominee naar een vergadering toe gaat, stelt de knecht zich verdekt op om hem te vermoorden. De man heeft echter twee mensen naast zich lopen en de knecht ziet ervan af. Als hij dat voorval later aan de dominee vertelt, zegt de man dat hij helemaal alleen is geweest die keer. Het zijn beschermengelen geweest.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 760, verhaal 14
Commentaar
9 oktober 1969
De engelenwacht
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21