Hoofdtekst
Der wie in boer, dy hie in houn. Dy houn woarde al âld.
Op in kear hearde dy houn de boer sizzen: "Dy houn mat mar dea, wy kinne neat mear mei him."
Der wie yn dy buert ek in wolf, dy pakte de piken as er se naderje koe, mar as de houn it seach, ûntpakte hy se de wolf.
Doe't de houn heard hie hwat syn lot wie, rôp er de wolf.
Hy sei tsjin 'e wolf: "Wolstû hwat foar my dwaen?"
"Ungelyk hwat", sei de wolf.
"Wolstû hjir de poppe út 'e widze helje?"
"Hwat kin 'k der mei fortsjinje?" sei de wolf.
"Ik lit dy twa piken pakke", sei de houn.
"Goed", sei de wolf.
Doe gong de wolf nei de widze ta en pakte it lyts bern der út en naeide dêrmei út. De mem fan it bern seach it. En de houn fansels ek. Dy hie mei de wolf ôfsprutsen, dat er de wolf ynhelje soe en him dan it bern ûntnimme en wer thúsbringe.
Dat die dy houn en de boerinne seach alles. Doe wie dy boerinne sa mâl mei dy houn, dat hy mocht net heal deamakke wurde en hy krige fan 't lekkerste fan 'e tafel.
Mar de houn gunde de wolf de twa piken net.

Onderwerp
AT 0101 - The Old Dog as Rescuer of the Child (Sheep)   
ATU 0101 - The Old Dog as Rescuer of the Child (Sheep).   
Beschrijving
Een boer heeft een oude hond. De hond hoort een keer de boer zeggen dat hij hem wil doden. In de buurt is ook een wolf die de kippen pakt als de hond het niet ziet. De hond bedenkt een plan om aan zijn lot te ontkomen en spreekt met de wolf af dat deze het kind van de boer uit de wei steelt en dat de hond het kind 'redt' en veilig thuisbrengt. In ruil hiervoor mag hij twee kippen pakken. De hond wordt niet gedood en krijgt de lekkerste maaltijd, maar de hond gunt de wolf de twee kippen niet.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 760, verhaal 15
Commentaar
9 oktober 1969
The Old Dog as Rescuer of the Child (Sheep)
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21