Hoofdtekst
Der wie in fabryksarbeider. De fabryk dêr't er syn wurk yn hie, stie nochal ticht by syn hûs.
Der wenne yn dat plak ek in grienteboer, en dy kom alle dagen by syn wiif. Hynder en wein stienen dan foar de doar.
Ien fan 'e arbeiders sei us op in kear tsjin dy man: "Jonge, dyn wiif slacht mei de grienteboer om, hast dat net yn 'e gaten?"
De man sei: "Jonge, hwer komst wei, soks docht myn frou net."
"Nou," sei de oare, "ik soe doch mar ris sjen, as ik dy wie. It sil wol sa wêze. Hy sit dêr ûrenlang."
Sokke praetsjes hearde de fabryksarbeider al ris faker. Doe tocht er: "Ik mei doch wolris sjen." Dat op in kear, doe't hynder en wein wer foar syn hûs stienen, gong hy dêr hinne.
Hiel stikum kom er yn 'e hûs.
Hy harke foar de doar fan 'e sliepkeamer, en ja, wrachtich, dêr fornaem hy it. Hja wienen drok dwaende. Hy slûpte hiel stikum wer fuort en kom werom yn 'e fabryk.
"Nou," sei er, "jimme hienen wol gelyk, hear."
Hja wienen nijsgjirrich en seinen: "En hwat hast dien?"
Hy sei: "Ik bin hiel stikum wer fuort gien en doe ha 'k syn âld hynder in goeije skop jown."

Beschrijving
Een fabrieksarbeider werkt dicht bij zijn huis. Zijn collega's zeggen hem dat zijn vrouw vreemd gaat met de groenteboer. Dan staat zijn paard en wagen voor het huis.Hij gelooft het eerst niet, maar gaat toch een keer kijken. Hij sluipdt stiekem het huis in en hoort ze druk doende zijn. Hij gaat weg en geeft het paard een schop. Hij geeft zijn collega's gelijk
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 761, verhaal 2
Commentaar
13 september 1969
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21