Hoofdtekst
Doe gong er nei hûs ta. It ark hied er by him yn in bakje. Hy gong de Skeanpaden del, dy't útkomme op Readskuorre.
Dêr lizze houtsjes oer de sleatten. (noch altyd)
Doe't er sahwat op healwei wie stie der in frommes op it houtsje dêr't hy oer moest. Hy miende dat it âlde Janne wie, de frou fan Anders Nikolai; dêr like se krekt op.
Hy sei: "Janne, dû mast dêr wei gean. Ik mat der oer."
Mar sy sei neat werom.
"Ik mat nei hûs", sei er, mar it minske sei net in wurd.
Dat gong sa wol oan trije, fjouwer kear ta.
Doe't it minske har hyltyd mar stil hâldde, sei er: "Hwat donder, dan sil 'k dy dêr wei skoppe!"
Doe kom hy èk op 't houtsje. Mar doe krige it minske egen sa great as thépantsjes.
Hy soe har pakke, mar sy pakte him. En sy smiet him boven oer de beammen hinne oer in stik lân oerdwars.
Doe is er krûpendewei thúskom.
De oare moarns hat Jan plak (dy hie in blau plak op 't gesicht) it ark opsocht.
Ruerd hat in pear wiken op bêd tahâlde matten, sa bot hie dat wiif him tamtearre. Hja hie skattere as in ekster.
Onderwerp
SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   
Beschrijving
Bron
Commentaar
Naam Overig in Tekst
Ruerd van der Veen   
Boomklooster   
Skeanpad   
Readskuorre   
Janne   
Anders Nikolai   
Jan   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Bomkleaster   
Skeanpaden   
