Hoofdtekst
Doe't ik in jonge wie wennen wy yn 'e Smoarhoeke, flak by de Liuwe-poel. Wy wennen yn in plaggehutte. As 't winter wie sei heit tsjin ús: "Pas op en kom net op it iis fan 'e Liuwe-poel, hwant dêr mat noch ien yn forsûpe."
't Wie ien mei read hier, dy't dêr yn forsûpe moest.
't Minske lei faek midden yn 'e poel en dan rôp se: Help! Help! Help!
Letter is der ien yn forsûpt: in jong fanke mei read hier. 't Gebeurde mei iis.
Ik ha sels wol ris 'help' roppen heard yn 'e Liuwe-poel. Ik hearde 't allinne by nacht, as 't raer, donker waer wie. It is noch net iens safolle jieren forlyn, dat ik it foar 't lêst heard ha. Der mat nòch ien yn fordrinke.

Onderwerp
SINSAG 0488 - Weit-hören   
Beschrijving
In de winter moet men niet op het ijs van de Leeuwenpoel komen want er moet nog iemand met rood haar verdrinken. Een vrouw met rood haar ligt hier vaak 'help' te roepen. Later is er een meisje met rood haar in deze poel verdronken. Zelf heb ik wel in de nacht hulpgeroep gehoord, dus moet er nog iemand verdrinken.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 765, verhaal 6
Commentaar
2 oktober 1969
Weit-hören
Naam Locatie in Tekst
Smoorhoek   
Smoarhoeke   
Liuwepoel   
Leeuwenpoel   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21