Hoofdtekst
Tsjip van der Bij ^ fan 'e Harkema gong altyd to murdzjen.
Op in nacht wie er wer op stap. Hy hie twa maten by him. Alle trije hienen se in houn. Tsjip hie in lyts hountsje.
Murdehounen rinne altyd in ein fuort, as se in murd fine.
Dêr rinne se dan achteroan.
Doe hearde Tsjip ynienen dat syn hountsje hiel bot jankte. Tsjip gong by de mannen wei en sette de kant út dêr't it lûd weikom. Doe wie dêr in hiele dikke houn, dy pakte syn hountsje.
Tsjip woarde lulk op dy houn. Hy hie de bile by him en hy sloech mei de bile nei dy houn. Mar hy sloech mis.
"Ik wie dûm," fortelde Tsjip, "ik sloech hyltyd mis. Noait koe 'k him reitsje. En dy houn woarde al greater en greater. Op 't lêst wied er sa great as in koe."
Doe sei Tsjip: "As bist ek de duvel, dan sloech ik der nòch op."
Doe kom dy houn flak by him. En doe't Tsjip it gesicht fan dy houn seach, woarde er binaud. It wie krekt as sloegen der stikken fjûr dwars troch him hinne. Hy bigoun to triljen as in popelier. Op 't lêst kommen de mannen by him. Tsjip wie lam, hy koe net mear rinne. De oare houn wie fuort.
Fan tofoaren wie Tsjip in spotter. Hy hie oeral de gek mei en brûkte altyd rare wurden.
Doe is er ynienen oars woarn. Hy wie bikeard.

Onderwerp
SINSAG 0883 - Teufel als Hund; hält Sünder Gesellschaft.   
Beschrijving
Tsjip van der Bij uit Harkema is op een nacht aan het bunzingvangen met zijn vrienden. Ze hebben allemaal een bunzinghond mee, die vooruit rennen en de bunzing aanwijzen. Opeens wordt zijn hond door een grote hond gepakt. Tsjip haalt uit met zijn bijl naar de hond, maar mist steeds en de hond wordt steeds groter. Als Tsjip spot drijft met de duivel en vervolgens deze hond in het gezicht kijkt, wordt hij bang. Hij heeft ogen als vuur. Na deze ontmoeting is Tsjip spotter af en bekeert zich.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 766, verhaal 2
Commentaar
9 oktober 1969
Teufel als Hund; hält Sünder Gesellschaft. EN SINSAG 0361: Spuktier, das immer grösser wird, erschreckt Mann.
Naam Overig in Tekst
Tsjip van der Bij   
Naam Locatie in Tekst
Harkema   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21