Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ076603

Een sage (mondeling), donderdag 09 oktober 1969

Hoofdtekst

Sikke Hoeksma ^ wenne op Mûntsjetille oan it Knjillisdjip, tichte by de Bûtenpostumer Mieden. Myn swager, Douwe Wedzinga, wenne der tichte by. Saterdeijounen gongen se faek togearre nei Twizel ta, nei de kroech. Dan rounen se de âld dyk del.
Dêr yn Twizel seagen se net op ien. Sy kommen der faek dronken wei.
Sa wie 't ek wer ris in kear it gefal, doe kommen se werom de âld dyk del. Douwe gong by Sikke wei en Sikke moest allinne troch in lichte.
(Sikke kom in bulte by ús en hy hat it ús sels forteld)
't Wie sahwat twa ûre yn 'e nacht.
Doe't Sikke dêr yn 'e lichte wie, tocht er: Hwat is dat?
Hy seach in donker hountsje.
Hy tocht: Hwat wol dat dierke?
Sikke fortelde 't sa: Ik sei: "Fuort hountsje, dû mast dêr wei gean", hwant hy lei my yn 't paed. Mar 't hountsje bleau lizzen. Ik sei: "Dêr wei!" Hoe langer ik mei him praette, hoe dikker dy houn woarde. En syn egen woarden as thépantsjes. Hy kom flak by my. Hy soe my oanfleane. Doe skeat ik út bangens. Mar doe skeat ik dwars troch myn pink hinne. Sa bang wie 'k, ik koe net iens goed sjitte.
Dy pink, dat is noait wer yn oarder kom. Dy is net goed bihandele woarn.
De pink hie de foarm fan in klauke, dy koe net rjochtút.

Onderwerp

SINSAG 0361 - Spuktier, das immer grösser wird, erschreckt Mann.    SINSAG 0361 - Spuktier, das immer grösser wird, erschreckt Mann.   

Beschrijving

Sikke Hoeksma en Douwe Wedzinga gaan vaak zaterdagavond naar Twizel toe om wat te drinken. Op een keer vervolgt Sikke na dit uitje zijn weg alleen en ziet een donker hondje op het pad liggen, met ogen als theepotjes. Het laat zich niet wegjagen en wordt steeds dikker. Als het vlakbij Sikke komt, wordt hij bang, schiet en bezeert zijn pink. Dit is nog steeds te zien.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 766, verhaal 3

Commentaar

9 oktober 1969
Spuktier, das immer grösser wird, erschreckt Mann.

Naam Overig in Tekst

Sikke Hoeksma    Sikke Hoeksma   

Douwe Wedzinga    Douwe Wedzinga   

Mûntsjetille    Mûntsjetille   

Knjillisdjip    Knjillisdjip   

Naam Locatie in Tekst

Bûtenpostumer Mieden    Bûtenpostumer Mieden   

Twizel    Twizel   

Twijzel    Twijzel   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21