Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ076604

Een sage (mondeling), donderdag 09 oktober 1969

Hoofdtekst

Deselde mannen, Sikke Hoeksma en myn swager Douwe Wedzinga en dan noch in sekere Jan Klamer - dat wienen doe alle trije noch frijgesellen, soenen ris in kear nei Twizel nei de kroech ta. 't Wie mistich waer. Sy kommen fan Mûntsjetille en roannen op 'e âld dyk. 't Wie joun. Doe gongen se de Twizelerwei lâns, dat wie doe noch in modderpaed, dwars troch de ûnlânnen hinne.
Dy Twizelerwei komt sahwat by 't bûterfabryk út.
't Wie dêr allegear reid en sompe yn dy buert.
Jan Klamer wie in raren-ien, dy't joech om God noch syn gebot.
Doe't se sahwat midden op 'e Twizelerwei wienen, sei Jan tsjin Douwe en dy: "Sjoch, hwat wol dy keardel?"
"In keardel?" sei Douwe, "hwer sjochstû dy. Der is ommers neat."
Doe wiisde Jan nei in plak oan 'e oare kant de wyk. 't Wie in greate wyk, tusken de wei en 't ûnlân.
"Wy sjogge neat", seinen de beide oaren.
"Hwatte?" sei Jan, "sjogge jim him net? 't Is in hiele greate keardel. Ik sjoch him dúdlik. Ik sil der hinne."
"Hwat wòl dy man", frege Sikke.
"Hy stekt my de gek oan", sei Jan.
Jan die de klompen út, hy nom in oanloop en sprong oer de wyk hinne. Hy sette dy keardel achternei, dy't er seach.
Douwe sei tsjin Sikke: "Dêr hoeve wy net op to wachtsjen. Hy komt aenst wol yn Twizel. Hy mat him dêr mar rêdde."
Doe gongen se togearre rjochtút en se lieten Jan Klamer dêr yn 't ûnlân achter. Hja gongen nei de kroech en dronken dêr hwat en prakkesearden net fierder oer Jan.
De nachts kom it Douwe yn 't sin. Hy sei tsjin Sikke: "Hwer is Jan. Hy hat der net west."
"Dy sil wol wer nei hûs ta gong wêze, tink", sei Sikke.
't Wie al yn 'e neinacht, doe gongen se út 'e kroech wei. Sy roannen de Twizelerwei wer lâns.
Doe't se op it plak kommen, dêr't Jan oer de wyk sprong wie, seagen se dêr syn klompen noch stean oan 'e kant.
Douwe sei: "Dit is in raer spul. Ik sil nei 't âld-minske ta (Jan syn mem) en sjen as er al thús is."
"Is Jan al thús?" frege er.
"Né jonge," sei syn mem, "hwer sit er?"
"Hwat," sei Douwe, "is er net thús?" Doe woarde Douwe binaud. Hy gong nei Sikke ta. Togearre setten se de kant út nei de Twizelerwei. Sy roannen op 'e dammen oan. Der wienen diken, dêr groeiden hege toarnen op. 't Wienen fan dy stringen. Dy wienen sa bot biwoechsen mei toarneguod, dat dêr koe net in fûgel trochhinne.
Dêr wie Jan Klamer trochhinne skuord woarn. In pear hûndert meter fierder seagen se him stean.
Hy leunde mei syn beide earms op 'e takke fan in iken beamke. Sa stie er dêr. Hy wie dea.
Jan Klamer wie in uterst raren. Hy dage alles út.
't Hie de duvel west dy't him dêr deamakke hie.



Onderwerp

SINSAG 0922 - Teufel bricht Sünder das Genick.    SINSAG 0922 - Teufel bricht Sünder das Genick.   

Beschrijving

Een andere keer zijn Sikke Hoeksma en Douwe Wedzinga samen met Jan Klamer onderweg naar de kroeg in Twijzel als alleen Jan op de Twijzelerweg een man ziet staan die de draak met hem steekt. Hij springt over de vaart heen en gaat hem achterna. De anderen vervolgen gewoon hun weg. Jan komt die avond niet meer in de kroeg. Op de terugweg zien ze de klompen van Jan nog steeds op de plek staan waar hij ze heeft achtergelaten. Als Jan niet thuis is, gaan ze hem zoeken en vinden hem dood in de struiken langs de Twijzelerweg. Hij is altijd een spotter geweest en de duivel heeft hem vermoord.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 766, verhaal 4

Commentaar

9 oktober 1969
Teufel bricht Sünder das Genick.

Naam Overig in Tekst

Sikke Hoeksma    Sikke Hoeksma   

Douwe Wedzinga    Douwe Wedzinga   

Jan Klamer    Jan Klamer   

Mûntsjetille    Mûntsjetille   

God    God   

Naam Locatie in Tekst

Twijzel    Twijzel   

Twizel    Twizel   

Twizelerwei    Twizelerwei   

Twijzelerweg    Twijzelerweg   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21