Hoofdtekst
Hjir yn Ljouwert wenne in man yn in molkwinkeltsje, flak by 't kantongerjocht. Dy man rekke siik. Ik wie doe skipper.
De dokter kaem by dat mantsje. Dy skreau him seis wiken rêst foar. Dat mocht dat mantsje noait barre. Hwant it fortsjinst stie al dy seis wiken stil. Noppert hiet dat mantsje.
Hy klage my syn need. "Dit kin noait", sei er.
"Feenstra," sei er tsjin my, "wolle jo foar my nei Joast Wiersma? Dat is de wûnderdokter fan Jistrum."
Ik sei: "Dat komt klear." Ik lei foar him mei 't skip.
Doe bin 'k op 't fytske nei Jistrum tareizge.
Joast koe my wol.
"Soa, Auke," sei er, "hwat wie 't, jong?"
Sa en sa, sei 'k. De pasjint mat seis wiken rêst ha. En dat kin noait.
"Hast it wetter fan him meinom?" frege Joast.
Ik sei "Ja, hjir is it."
Joast biseach it. Doe sei er: "Hwat is dy man? Boer, molkboer?"
"Ja," sei 'k, "molkboer."
"Soa," sei er, "sei dokter: seis wiken rêst?"
"Dat hat er sein", sei 'k.
"Wy sille sjen of wy him yn ien wike opknappe kinne." Doe skreau er him foar, hy moest cognac drinke mei molke, deis fjouwer à fiif kear.
Doe't ik by de molkboer kom, sei er: "Auke, hoe is de útslach?"
Sa en sa, sei 'k.
"Hwat mat ik nou?" sei er. "Ik ha èk guod fan dokter."
"Joast syn ried folgje", sei 'k.
Dat hat er dien en mei in wike wied er klear.
Dokter sei: "Dit is bêst gaan."

Onderwerp
TM 4302 - Volksgeneeskunde   
Beschrijving
Noppert de melkboer wordt ziek en de dokter schrijft hem zes weken rust voor. Hij kan echter niet zolang de winkel gesloten houden en vraagt Auke Feenstra naar de wonderdokter Joast Wiersma in Eestrum te gaan. Joast vraagt om de urine van Noppert en zegt dat hij boer of melkboer is. Hij schrijft hem voor een week lang een paar keer per dag cognac met melk te drinken. Na een week is Noppert weer beter.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 767, verhaal 10
Commentaar
22 oktober 1969
Volksgeneeskunde
Naam Overig in Tekst
Noppert   
Auke Feenstra   
Joast Wiersma   
Naam Locatie in Tekst
Jistrum   
Eestrum   
Ljouwert   
Leeuwarden   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21