Hoofdtekst
Myn wiif har pake en beppe wennen yn Beets. Njonken harren wenne in âld-wyfke, dat kom dêr folle oer 'e flier.
As der in bern geboaren waerd, dan kaem hja dêr to bakerjen.
Mar op in kear doe waerd beppe Janke siik.
Doe gong pake nei Nijebrêge nei Hinke Kaert. Hinke gong mei nei Beets ta.
Hinke sei: "Hjir is hwat oan 'e gong. Jo binne bitsjoend, Janke. Mar ik sil jo helpe."
Hinke helle in stien út 'e groun wei foar de middeldoar. 't Wie in blauwe stien. Doe die se hwat yn it gat en doe de stien der wer oerhinne.
Sy sei: "Nou sil de buorfrou moarn komme om to freegjen hoe't it mei Janke giet, mar sy komt net oer de drompel. Sy bliuwt by de doar stean en dan freget se wol hoe't it mei jo is."
Sa gebeurde 't ek.
De oare deis bleau 't âld-wiif by de doar stean, ynpleats dat sy der yn kaem. En sy frege: "Hoe is 't mei Janke?"
Pake sei: "Dat sil 'k dy fortelle, hoe 't mei Janke is." En doe krige er de strykstok (= strikel) en dêr joech er it âld-minske in pear flinke meppen mei. Hja wie woest.
(Beppe is it to witten kaem, dat se bitsjoend wie, doe't se it kessen iepenmakke. Dêr sieten krânsen fan fear yn. Allerhande kleuren wienen dêr yn forwurke. De allermoaiste fearren en alle soarten fan lapkes. In wûnder, sa moai.)
't Ald-minske hat noait wer binnendoar west.

Onderwerp
TM 3101 - Heks maakt kind (mens, dier) ziek   
Beschrijving
Janke krijgt een kind en een oude buurvrouw komt om het te bakeren. Dan wordt Janke ziek en haar man gaat Hinke Kaert uit Nijebrug halen. Zij constateert dat ze behekst is en haalt een blauwe steen uit de weg. Ze stopt hier wat onder en legt de steen weer terug voor de deur. Ze voorspelt dat de buurvrouw niet binnenkomt en vraagt hoe het met haar gaat. Dat gebeurt inderdaad en haar man geeft het vrouwtje rake klappen. In het kussen vinden ze verenkransen. Het vrouwtje is weggebleven.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 767, verhaal 9
Commentaar
22 oktober 1969
Heks maakt kind (mens) ziek
Naam Overig in Tekst
Janke   
Hinke Kaert   
Naam Locatie in Tekst
Beets   
Nijebrêge   
Nijebrug   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21