Hoofdtekst
Der wie in douweleafhawwer, (in duivemelker). Dy man mocht graech in gleske bier. Hy wie hwat selskipswiet en syn wiif, dat in echte fekke wie, koe dat net útstean.
Op in kear gong er nei 't douwelokael ta mei syn douwen en dêr bleau er ryklik lang.
De frou, in echte duvelinne, krige dêr har nocht fan.
Hja tocht: "ik sil him ris goed bang meitsje."
Doe die se in wyt lekken om har hinne en sa seach se der út as in spook. Doe socht se de iensume wei op, dêr't har man lâns komme moest. Dêr stienen hwat boskjes en beamkes ensa en dêr kroep sy achter.
Doe't har man der oankom, kom se foar 't ljocht. Hja makke rare gebearten mei 't lekken om har man bang to meitsjen.
Har man bleau stean en sei: "Hwa bistû?"
Doe sei hja: "Ik bin de duvel."
"Nou," sei er, "dan bin 'k ek net bang foar dy, hwant dan bist út 'e famylje, dan bistû myn swager."

Onderwerp
VDK 1676H* - Spookspelen: Een zuster van de duivel   
Beschrijving
Een duivemelker lust graag een borrel en houdt van gezelschap, wat zijn vrouw (een feeks) niet kan uitstaan. Als hij een keer lang wegblijft, besluit ze hem goed bang te maken en verkleedt zich als spook. Ze verstopt zich op de eenzame weide en wacht haar man op. Als hij komt probeert ze hem bang te maken en zegt dat ze de duivel is. De man zegt dat hij niet bang voor haar is, want ze behoren tot dezelfde familie.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 771, verhaal 3
Commentaar
20 september 1969
Spookspelen: Een zuster van de duivel
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21