Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ077404

Een sage (mondeling), maandag 29 september 1969

Hoofdtekst

Der wie in hiel, hiel leaf lyts geitsje en dat hiele, hiele leave lytse geitsje siet oan in hiel, hiel lyts lyntsje en dat hiele, hiele leave lytse geitsje oan dat hiele, hiele lytse lyntsje siet yn in hiel, hiel lyts bleekje.
Doe kom dêr op in kear in hiel, hiel leaf lyts hountsje en dy biet dat hiele, hiele leave lytse geitsje oan dat hiele, hiele lytse lyntsje yn dat hiel, hiel lytse bleekje it hiel hiel leave lytse sturtsje ôf.
Dat seach in hiel hiel âld leaf wyfke.
En dat hiele hiele âlde leave wyfke giet nei de burgemeester ta.
En dan seit de burgemeester tsjin 'e plysje: Fan dizze tiid ôf matte alle leave lytse hountsjes oan 't ketting, dan kinne se net mear de leave lytse sturten fan de hiel hiel leave lytse geitsjes oan 'e hiele, hiele lytse lyntsjes yn 'e hiele hiele lytse bleekjes ôfbite.

Beschrijving

Een klein lief geitje staat aan een klein lijntje in een klein bleekveldje wiens lieve staart een keer door een klein hondje wordt afgebeten. Een oud vrouwtje ziet dit, gaat naar de burgemeester toe die tegen de politie zegt dat vanaf dan alle kleine hondjes aan de ketting moeten, zodat ze geen staartjes meer van geitjes kunnen afbijten

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 774, verhaal 4

Commentaar

29 september 1969

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21