Hoofdtekst
Der wenne in âlde skuonmakker yn Stiensgea, dy mocht graech in slokje. De iene kastlein, Petrus Fokkinga, wenne op 'e hoeke. Midden yn 'e buorren stie ek in café.
De skuonmakker wie grifformeard en dat wie syn measte klandysje ek. Dy lju mochten net wite dat hy sa graech in slokje mocht.
Hy hie in skoech stean by Petrus Fokkinga. Dêr gong er elke dei hinne en dêr naem er twa slokjes. Dat wie Petrus Fokkinga mei him iens. De skuonmakker naem altyd in skoech mei fan hûs, dy brocht er nei Petrus Fokkinga ta. Dy sette er dêr op 'e tap del. It earste slokje dronk er hielendal op, it lêste heal. De oare helte hâldde er yn 'e mûle.
Hy ruile fan skoech en forliet de herberch. As der him ien yn 'e mjitte kaem en dy sei daech, dan sei er: mm-mm. Dat bytsje drank hâldde er yn 'e mûle.
Sa stapte er troch de buorren mei de skoech yn 'e hân nei 't oare café ta. As er dêr oanlânne wie, slokte er de drank troch.
Dêr yn dat café krige er wèr twa. Hy sette de skoech op 'e tap en by 't fuortgean joech de kastlein him de oare skoech, dy't er de foarige deis brocht hie.
Dêr reizge er wer mei nei hûs ta. Sa gong dat alle dagen.
Mar ûnderweis sei er allinne mar 'Mmmm'.

Beschrijving
Een schoenmaker uit Augustinusga lust graag een slokje maar dat mag zijn klandizie niet weten. Hij heeft een schoen staan bij kastelein Petrus Fokkinga thuis waar hij dagelijks twee slokjes drank uit neemt. Van het tweede slokje houdt hij de helft in de mond. Vervolgens ruilt hij de schoen en als iemand onderweg gedag zegt, zegt hij alleen maar 'mmm'. Met een schoen in de hand loopt hij naar het café waar hetzelfde zich herhaalt. Dan gaat hij naar huis. Dit gebeurt dagelijks en onderweg zegt hij alleen maar 'mmm'.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 776, verhaal 2
Commentaar
4 oktober 1969
Naam Overig in Tekst
Petrus Fokkinga   
Naam Locatie in Tekst
Stiensgea   
Augustinusga   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21