Hoofdtekst
Der leefde us in koaning.
Dy hie in dochter, dat wie in beeld fan in fanke.
Op in dei liet de koaning bikend meitsje, hy woe syn dochter úthoulikje litte. Mar de gadingmakker moest sa lang prate kinne, oant de koaning syn nocht krige. Dat wie 't bitingst. Koed er dat nèt, dan woarde er slaef.
De iene nei de oare kom delsetten. Hwant allegearre hienen se wol smucht op 'e prinsesse. Mar der wie net ien dy't sa lang trochprate koe dat de koaning 'ho' sei.
Hja woarden allegearre yn 'e boeijens slein en as slaef fuortbrocht.
Doe kom der us in feintsje, dat wie de jongste fan trije. Hy hiet fan Sipke. Syn beide bruorren hienen har gelok al prebearre, mar it wie foar beide op slaef útdraeid.
It soe mei Sipke ek wol neat wurde, tocht syn heit.
Mar Sipke woe 't prebearje.
Dêr siet de koaning op syn troan. Sipke gong lyk foar him oer stean en doe bigong er to fortellen.
"Der stie ergens yn in greate skuorre in greate berch sied. Doe kom der in sprinkhoanne oan. Dy makke boven yn dy siedbult in gatsje. Mar dat wie lytsernôch om der troch, hwant hy moest wrotte en wrotte om foarút to kommen.
De sprinkhoanne wrotte en wrotte en wrotte him der troch en hy snapte in siedkerl en dêr fleach er mei fuort."
"Hoe fierder?" frege de koaning.
"Wel, doe kom der in oare sprinkhoanne oan en dy wrotte en dy wrotte en dy wrotte en dy wrotte troch in gatsje en hy snapte in siedkerl en dêr fleach er mei fuort.
En doe kom der wèr in sprinkhoanne oan en dy wrotte ..."
"Hoe lang duorret dit forhael noch?" frege de koaning.
"Wel," sei Sipke, "de loft is noch swart fan 'e sprinkhoannen en der sitte noch mar twa lytse gatsjes yn 't sied."
"Hâld dan mar op," sei de koaning, "ik jow forlern."
En sa koe Sipke mei de prinsesse trouwe.

Onderwerp
AT 2301A - Making the King Loose Patience   
ATU 2301 - Corn Carried Away One Grain at a Time.   
VDK 2301A - Making the King Loose Patience   
Beschrijving
Een koning heeft een beeldschone dochter die uitgehuwelijkt wordt aan degene die net zolang een verhaal vertelt dat het de koning gaat vervelen. Lukt dit niet, dan wordt de kandidaat een slaaf. Alle kandidaten voor Sipke slagen hier niet in en worden slaven, ook zijn twee oudere broers. De jongste begint zijn verhaal. Er ligt in een schuur een berg met zaad waarin een sprinkhaan een gaatje maakt en blijft wroeten omdat het nog te klein is. Na een tijdje pakt hij een zaadkorrel en vliegt ermee weg. Dit doet ook de tweede sprinkhaan. Het verhaal begint de koning te vervelen en als hij hoort dat er nog meer sprinkhanen in de lucht hangen om gaatjes te maken, geeft de koning zich gewonnen en Sipke mag met de prinses trouwen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 777, verhaal 1
Commentaar
± 1952
Making the King Loose Patience
Naam Overig in Tekst
Sipke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21