Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ077703

Een sprookje (mondeling), 99-99-99 99-99-99 (foutieve datum)

Hoofdtekst

Der leefde us in koaning, dy wie tige siik. Underskate dokters hienen al oer him gear west, mar hy hie by net ien fan harren baet foun.
Doe kom der ien, dy sei: "Ik wyt in middel. Jo matte hinnegean en lûk it himd oan fan in lokkich minske. Dan wurde jo wer better."
Dat like och sa'n maklike rie.
Der woarden boaden útstjûrd nei alle hoeken fan it ryk, mar der wie noait in minske to finen, dy't hielendal gelokkich wie.
Op it lêst kom ien fan 'e boaden yn 'e bosk. Dêr seach er in houtsjer, dy't song en kwinkelearde dat it in lust wie.
"Fielstû dy gelokkich?" frege de boade.
"Wis en wrachtich", sei de houtsjer.
Doe frege de boade him om it himd om dêr de sike koaning better mei to meitsjen.
Mar hwat wie 't gefal?
De tofreden houtsjer wie net iens in himd ryk!

Onderwerp

AT 0844 - The Luck-bringing Shirt    AT 0844 - The Luck-bringing Shirt   

ATU 0844 - The Luck-bringing Shirt.    ATU 0844 - The Luck-bringing Shirt.   

Beschrijving

Een koning is ziek en geen dokter kan hem genezen. Dan komt er eentje die hem aanraadt het hemd te zoeken en aan te doen van iemand die gelukkig is. Dit is een moeilijke taak. Als een van de boden bij een bos komt, ziet hij een houthakker die fluit en zingt en gelukkig is. De bode vraagt de man om zijn hemd om de koning te genezen, maar de goede man heeft niet eens een hemd.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 777, verhaal 3

Commentaar

± 1952
The Luck-Bringing Shirt

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21