Hoofdtekst
Der wie in jongfaem, dy sei: "Nou wol 'k joun in feint ha, as is 't de duvel ek." Dat sei se op in moarn tsjin har mem.
De jouns kloppe der ien op 'e doar. Der stie in mynhearke.
"Goeije navend," sei er, "ik woe hjir ek ris sjen."
"Kom mar mei", sei de frou.
Hy krige in sit en de faem sei sunich tsjin har mem: "In kreas feintsje."
Hja rekken oan 't kofjedrinken, der woarde praet en al sa mear. 't Wie gesellich mei dat hearke der by.
Doe't se iten hienen, moest der skûtelwosken wurde.
De mem en de dochter stienen byelkoar yn 'e keuken.
"Sjochstû niks?" sei de mem tsjin har.
"Né", sei 't fanke.
"Hy hat twa knolfuotten", sei de mem. "Syn holle is knap, mar dy knolfuotten, dat doocht net. Hwat hastû fan 'e moarn sein?"
Doe wie 't dat fanke dúdlik dat de duvel by har yn 'e hûs siet. "Hwat mat ik dwaen?" sei se.
"Dû mast hinnegean," sei de mem, "en dû mast him alle boarden op 'e teannen smite."
Dat hat de dochter doe dien. Alle smoarge boarden fan 't skûdelwaskjen smiet se him op 'e knolfuotten en doe sei se: "Dêr dan, duvel!"
Doe is de duvel dwars troch de doarren flein en fuortrekke.

Onderwerp
SINSAG 0945 - Andere Begegnungen mit dem Teufel.   
Beschrijving
Een meid wil wel eens een knecht hebben, ook al is het de duivel en dezelfde avond staat een knecht voor haar deur. Tijdens de afwas zegt haar moeder dat de man twee horrelvoeten heeft en dat vertrouwt ze niet. Het is de duivel en om hem weg te jagen, moet ze alle borden op zijn tenen smijten. Hij vertrekt daarna.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 782, verhaal 2
Commentaar
23 oktober 1969
Andere Begegnungen mit dem Teufel.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21