Hoofdtekst
Froeger stie hjir in sekere ds. Riemsdijk op 't Fean.
Op in kear kom dy by Jan Hepkes op bisite. Hy sei: "Wat heb je daar een mooi schilderij hangen, Wouda."
't Wie in print, dy't ynliste wie.
"Ja," sei Jan, "dat is noch in echte Rembrandt."
"Jonge-jonge," sei doomny, "hoe kom je daar aan?"
"Dat sil 'k jo fortelle," sei Jan, "dy ha 'k fortsjinne mei 't kreamheinen."
"Hoe dat zo?" frege doomny.
"Nou sjoch, ik kom us op in kear yn Burum. Ik moest dêr nei guon ta, mar doe wie it minske allinne thús. It wie dêr ûnwaer, hja moest yn 'e kream.
Hja wie deaforlegen.
Ik wie gau biret. Ik sei: Ik sil jo helpe, minske.
Hwat moest ik oars?
Doe kom der in grouwe jonge foar 't ljocht. Dy ha ik mei de wereld yn holpen. 't Gong allegear sa bêst as hwat.
Doe kom ik in wike of hwat letter dêr wer lâns op 'e fyts. Doe kloppe dy frou op 't glês en doe rôp se tsjin my:
"Koopman, kom der ris even yn! Ik bin jo sa tankber, dat jo my sa holpen ha, dat nou haw ik hjir hwat foar jo." Doe joech it minske my dizze Rembrandt.

Beschrijving
Ds. Riemsdijk uit Heerenveen komt bij Jan Hepkes op bezoek en ziet daar een mooi schilderij hangen wat volgens Jan een echte Rembrandt is. In Burum gaat hij koopwaar verkopen als hij een hoogzwangere vrouw helpt bij het bevallen van een zoon. Enkele weken later geeft zij hem als bedankje deze Rembrandt.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 783, verhaal 8
Commentaar
5 oktober 1969
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
't Fean   
Rembrandt   
Naam Locatie in Tekst
ds Riesdijk   
Heerenveen   
Wouda   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21