Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ078309

Een sage (mondeling), zondag 05 oktober 1969

Hoofdtekst

Der wie gjin houn ûnder 'e sinne, dy't Jan Hepkes biet.
Hy wie foar gjin inkelde houn bang.
"Ik fytste ris in kear troch Drachtster Kompenije," fortelde er, "doe stie dêr in boer by de wei mei twa jonges. Dat wienen syn soannen. En dêr wie in grouwe houn by.
Doe seinen dy jonges tsjin dy houn: 'Hisa, pak him!'
Nou, ik wie net bang foar dy houn en ik stapte fan 'e fyts . Ik sei tsjin 'e boer: 'Nou falt my dat al hwat ôf, dat jo jou beide jonges my de houn oanhysje litte. Dat is net sa't it heart. Sa net, ik bin net bang foar in houn.'
De boer gnyske hwat en lake my út.
Ik sei tsjin 'e houn: 'Dû achter 't hûs!' En dêr gong de houn hinne, mei de sturt tusken de poaten.
't Wie in forskuorrende houn.
Ik seach de beide jonges us even goed yn 'e egen en ik stapte wer op.
In fjirtsjin dagen letter kom ik dêr wer lâns. Doe stie dy boer yn 'e daem. Hy sei tsjin my: 'Ho ris even, koopman.'
Ik stapte ôf en sei: 'Hienen jo boadskip?'
'Ja,' sei er, 'it muoit my sa ôfgryslik, hwat der foar fjirtsjin dagen gebeurd is. Hwant de houn is gjin sint mear wurdich, en de beide jonges ek net.'"

Beschrijving

Jan Hepkes is voor geen hond bang. Al fietsend door de Drachtster Compagnie komt hij een boer tegen met twee zonen en een grote hond. Een van de zonen beveelt de hond Jan aan te vallen, maar Jan jaagt hem weg. Twee weken later komt hij dezelfde boer weer tegen die hem zegt dat de hond en zijn zonen niets meer waard zijn na dit voorval.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 783, verhaal 9

Commentaar

5 oktober 1969

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Hisa    Hisa   

Drachtster Compagnie    Drachtster Compagnie   

Naam Locatie in Tekst

Drachtster Kompenije    Drachtster Kompenije   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21