Hoofdtekst
Froeger wienen der jildsjouwers, dy moesten dan jild forsjouwe foar koopljuwe dy't it jild op in oar plak ha moesten.
Dêr woarde Hearke wol gauris foar brûkt.
Sa wied er ek ris wer mei in sekfol jild ûnderweis, doe kommen der in pear mannen ta de wâl út. Dy seinen tsjin him: "Wy matte dat sekje mar fan dy ha."
"Dat kin wol", sei Hearke, en hy sette de sek del.
Doe soenen se 't krije. Doe sei Hearke: "Nou matte jim 't èk sjouwe." En doe loatste er de sek mei jild op 'e iene syn skouder.
Even letter sei dyselde: "'t Skouder docht my sear."
"Nou, dan de oare", sei Hearke en hy smiet it jild op 'e oare syn skouder.
Mar de oare hâldde 't ek net lang fol. Doe nom Hearke sels de sek wer en hy sei: "Nou ha 'k jim dit to sizzen, jimme komme der noch goed foar wei. Meitsje dat jim fuort komme, oars bisykje ik it oars."
Doe hienen de mannen makke, dat se fuort kommen.

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Hearke wordt weleens ingehuurd als geldsjouwer voor kooplui en op een keer vragen mannen hem om de geldzak. Hearke geeft de een van hen de zak op de schouder, want hij mag het zelf dragen. Het is de mannen echter te zwaar en als Hearke hen zegt weg te gaan, maken ze dat ze wegkomen.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 784, verhaal 9
Commentaar
10 oktober 1969
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Sterke Hearke   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21