Hoofdtekst
Rixt wie in dochter fan Sterke Hearke. Dy wie èk sa sterk.
Sy tsjinne by in boer yn de Ham, tsjin 'e smid oer.
Op in kear sei dy boer tsjin Rixt: "Hâldst wol fan in grap?"
"Jawol", sei Rixt.
De boer sei: "De smid sit moai to kofjedrinken. Soest it ambyld wol tille kinne?"
"Dat tocht ik wol", sei Rixt.
"Sjou dat dan nei bûten ta", sei er.
Dat die Rixt.
Even letter kom de smid yn 'e smidte. It ambyld wie fuort. Hy koe 't nergens fine. Doe seach er it bûten stean. Mar hy koe 't mei de feint net tille. Dêrom gong er nei de boer ta en frege of dy him helpe koe.
"Jawol", sei de boer. Mar mei de boer der by koenen se 't nòch net fan 't sté krije.
"Dit is net in sint wurdich," sei de boer, "ik sil de faem ris roppe."
"De faem?" sei de smid, "in frommes?" Hy stie forsteld.
De boer rôp Rixt der by en dy kom. Sy sloech de hannen om 't ambyld hinne en tilde 't pûr allinne yn 'e smidte, dêr't se 't op 't âlde plak delsette.
"Dû âlde smearlap", sei de smid tsjin har. "Nou wyt ik ek hwa't it der úthelle hat. Dû, en oars net ien."

Onderwerp
TM 2801 - Sterke man (vrouw)   
Beschrijving
Rixt is de dochter van Sterke Hearke en is ook sterk en werkt bij de boer tegenover de smid. De boer wil met de smid een grap uithalen en laat Rixt het aambeeld naar buiten brengen. Het lukt de smid niet het aambeeld op te tillen, zelfs niet met hulp. Rixt klaart het werk alleen en weet wie het aambeeld verplaatst heeft.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 784, verhaal 10
Motief
F610.0.1 - Remarkably strong woman.   
Commentaar
10 oktober 1969
Sterke man (vrouw)
Naam Overig in Tekst
Rixt   
Sterke Hearke