Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ078501

Een sage (mondeling), donderdag 30 oktober 1969

Hoofdtekst

Greate Pier hat de sterkste man west dy't Fryslân oplevere hat.
Mar Sterke Hearke wie ek sterk. It wie oars mar in meger mantsje haw ik wolris heard. Doe't er jongfeint wie moest er ûnder tsjinst, mar dêr hied er in great hekel oan.
Hy wie soldaet to Ljouwert, mar dêr mocht er min wêze.
Dêr stie in gewicht fan tolvehûndert poun by de kaserne.
Doe sei er tsjin 'e kaptein: "As ik nou dat gewicht ris om 'e kaserne hinne draech, mei 'k dan frij fan 'e tsjinst?"
"Dat kin net in minske dêr omhinne tille," sei de kaptein, "mar boppedat, wy meije jo net frij litte."
De kaptein gong fuort. Doe sei Hearke tsjin syn kammeraten: "Ik wol dochs ris bisykje hoe fier ik dat ding tille kin."
Doe tilde er it swiere gewicht fan 'e groun en hy droech it om 'e hiele kaserne hinne. Hy moest him dêrby sa bot sette, dat de skuon barstten útinoar.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Het lukt twee paarden niet de mest uit het mestgat weg te krijgen omdat ze geen grip krijgen. Hearke spant de paarden voor de wagen uit en trekt de mest uit het gat aan de disselboom weg en brengt de wagen naar de weg.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 785, verhaal 1

Commentaar

30 oktober 1969
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21