Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ078504

Een sage (mondeling), donderdag 30 oktober 1969

Hoofdtekst

Rindert fortelde my èk, doe wienen se by Hearke oan 't houtkappen west. Der stienen froeger fiif hiel grouwe popelieren om 't húske fan Hearke hinne. Twa fan syn soannen woenen dy beammen dêr wei ha. Doe kapten se dy beammen ôf.
Dy beammen leinen se op 't paed del. Sy wienen hwat rûch, dy jonges. Sa wie Hearke oars net.
Hearke sei al ris in pear kear tsjin syn soannen: "Hwannear sille jim dy beammen dêr ris weihelje?"
"Heit kin der noch wol lâns, net?" seinen de jonges dan.
"Ja," sei er, "mar ik wol de bonken net brekke."
De jonges biloofden dat se se dêr weisjouwe sjoenen, mar sy dienen it net.
Hearke tocht: Ik wol se dêr wei ha.
Ien fan 'e beammen wie de dikste, dy lei midden op 't hiem.
"Dy mat er wei, boeke", sei er tsjin Rindert.
"Dan mat pake dat mar dwaen", sei Rindert.
Doe sloech Hearke syn earm om de stamme hinne en sa brocht er de beammen ien foar ien pûr-allinne fuort.
Rindert seach him de egen út.
"Kin heit dat noch wol dwaen?" seinen syn jonges letter.
"Sokke putsjes noch wòl," sei er, "dy komme der net sa bot op oan."

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Rindert en de zonen van Hearke hebben vijf grote populieren om het huis van Hearke weggekapt. De bomen liggen op het pad en Hearke vraagt wanneer de bomen worden weggehaald. Ze beloven het te doen, maar laten dit na. Uiteindelijk doet Hearke het zelf, daar is hij sterk genoeg voor.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 785, verhaal 4

Commentaar

30 oktober 1969
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Rindert    Rindert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21