Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ078505

Een sage (mondeling), donderdag 30 oktober 1969

Hoofdtekst

Froeger wie sterke Hearke ek stille plysje.
Der moesten wolris sinten fan Surhústerfean ôfhelle wurde en dy woarden dan yn in sek nei Ljouwert ta brocht op 'e bank. Sokke putsjes moest Hearke altyd opknappe, omt er sa sterk wie en net bang. En hy wie in earlik en fortroud man.
Hy moest dan al hielendal nei Ljouwert ta rinne.
Op in kear moete er ûnderweis twa swalkers (swervers) op 'e rykswei. Hearke wie doe in goed fyftich jier âld.
"Matte jim dy kant ek út nei Ljouwert ta?" frege Hearke.
"Hwat âld man is dat?" tochten se.
"Hwer matte jo hinne, âlde stumper?" sei de iene swalker.
"Ik mat nei Ljouwet ta, jonges", sei Hearke.
"Dêr matte wy ek hinne", seinen de twa. "Hwat ha jo dêr by jo?"
"Jild", sei Hearke.
"Jild?" seinen se.
"Ja," sei Hearke, "jild. Dat mat nei de bank."
"Nei de bank?"
"Ja, nei Ljouwert", sei Hearke.
"Sille wy 't dan in eintsje foar jo drage, hwant dit bigreatet ús", sei de iene.
Hearke sei: "Ja, jim meije 't wol in eintsje drage." Doe joech er de iene de sek mei jild. Dy sakke fuort troch de knibbels. Sa swier wie dat jild.
Sy seinen stikum tsjin elkoar: "Wy matte sjen dat wy dy sinten krije."
Mar Hearke hie dy twa mannen yn 'e gaten.
Hja sleepten de sek in eintsje mei.
Hearke lake en sei: "Jimme matte him drage, lyk as ik doch."
Mar sy sleepten de sek. Op 't lêst droegen se him togearre.
Doe hearde Hearke dat se fan doel wienen him to biroven. Sy wienen oan 'e Greate Wielen ta.
"'t Koart al moai yn, jonges", sei er. Hy hie 't noch net sein of dêr pakten se him.
"O hea," sei Hearke, "wolle jimme my pakke?"
"Ja," seinen se, "hwat dogge jo mei safolle sinten? Wy ha neat."
Hearke wie de beide mannen to glêd ôf. Sy hienen in tou by har. Dat krige Hearke topakken en dêr boun er de beide mannen mei oan elkoar fêst.
Dy beide mannen oan 'e iene earm en de sek mei jild oan 'e oare earm, sa kom Hearke yn Ljouwert oan. Yn 'e stêd wienen safolle minsken om him hinne, dat hy koe hast net by de bank komme.
Tsjin 'e plysjes sei er: "Hjir ha 'k twa banditen."
De sinten brocht er nei de bank.

Onderwerp

TM 2801 - Sterke man (vrouw)    TM 2801 - Sterke man (vrouw)   

Beschrijving

Hearke zit ook bij de stille politie brengt een geldzak van Surhuisterveen naar Leeuwarden toe. Onderweg komt hij twee zwervers tegen die hem vergezellen. Als ze horen dat hij geld naar de bank
gaat brengen, bieden ze aan het geld te dragen. Ze willen het geld in handen krijgen, maar Hearke heeft dit door. Ten slotte dragen ze de zware zak samen. Bij de Grote Wielen willen ze hem pakken, maar Hearke bindt ze met hun eigen touw aan elkaar vast en levert ze af bij de politie. Het geld komt bij de bank.


Sterke Hearke, Surhuisterveen, Surhústerfean, Leeuwarden, Ljouwet, Ljouwert, Grote Wielen, Greate Wielen, 't Koart.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 785, verhaal 5

Commentaar

30 oktober 1969
Sterke man (vrouw)

Naam Overig in Tekst

Sterke Hearke    Sterke Hearke   

Grote Wielen    Grote Wielen   

Greate Wielen    Greate Wielen   

't Koart.    't Koart.   

Naam Locatie in Tekst

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Surhústerfean    Surhústerfean   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Ljouwert    Ljouwert   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21