Hoofdtekst
Froeger gongen der út 'e Wâlden wei altyd by 't simmer arbeiders nei Snits ta. Sy gongen dêr op 'e merk stean en wachten de boeren ôf, dy't dêr kommen om in mier to winnen.
Jan Hepkes tochte: Ik mat ek mar nei Snits ta. Ik wol èk wol ris hwat to meanen ha.
"Ik wie net botte hastich," sa fortelde er, "ik tochte sjesa, in goeije mier kriget altyd plak en ik woe net foar in apel en in aei krûm stean. Dat, doe wie 't al in stikhinne yn 'e middei op, doe stie ik dêr nòch. Doe kom der in boer op my ta, dy sei: 'Ik sykje in mier.'"
"Soa", sei ik.
"Ja," sei dy boer, "mar ik mat in bêsten ha, oars hoeve wy der net oan to bigjinnen. Kinne jo goed meane?"
"Ja", sei 'k.
De boer sei: "Oars wol 'k jo bislist net ha. Hwant ik bin al faek toloarsteld woarn. Jo matte wite, ik ha thús in fêste mier, dy meant se der allegearre út. Dat, doarre jo 't wol oan?"
Ik sei: "Ik doar it oan."
Doe siet it earst noch op it lean fêst. Hy woe my net jaen hwat ik frege.
Ik sei: "Ik wol net foar in bytsje. Lean nei wurken."
Op 't lêst nom er my oan.
Wy praetten in dei ôf. Dan en dan moest ik mar komme.
Dy boer wenne dy kant nei de Hommerts út.
Doe't it dan sa fier wie sjoude ik dêr hinne. Ik wie dat al in ein út. Ik tocht: Hjir mat ik mar ris even freegje.
Der stie in faem oan 'e kant fan 'e wei. Ik sei tsjin har: dy en dy boer, hwer wennet dy?
"Dat kin 'k jo gau sizze," sei se, "jo binne op 'e goeije wei. 't Is krekt twa plaetsen fierder. Binne jo miskien de nije mier?"
Ik sei: "Ja, dat bin ik. Ik sil der hinne to meanen."
Doe sei dy faem: "As ik jo in goeije rie jaen mei, gean dan hjir werom. Gean net fierder. Hwant dy keardel, dy hat in mier, dy meant se allegearre dea. Dêr kin net ien by duorje."
Doe sei ik: "Dan sil er nou syn master ris in kear thús treffe." Dat ik reizge fierder en sette op 'e boer ta.
"Kom," sei de boer, "wienen jo dêr al. Komme jo der mar yn. Earst mar ris even kofjedrinke, soe 'k sizze."
Wy praetten hwat en sa. Doe sei de boer: "Nou sil 'k even mei jo it lân yn, dan sil 'k jo fortelle hwer't jo moarnmoarne bigjinne matte."
Wy kommen bûten, en dêr wie Sytse èk. Sytse, dat wie dy mier, dy't se allegear deameande. Hy spytgnyske hwat en tochte: wer sa'n mantsje.
Ik sette mei de boer nei 't lân ta en hy wiisde oan hwer't Sytse en hwer't ik bigjinne moesten.
De oare moarns gongen ik en Sytse dêr togearre hinne.
Sytse sei: "Hoe mat it?"
Ik sei: "Dû mast mar foarop; dû bist hjir thús. Ik kom wol nei."
Nou, ik mat sizze, hy koe knap meane. Mar it duorre net lang, doe moest er de hakken ynlûke, oars prikte ik him der mei de seine yn.
Doe't it njoggen ûre wie kom de boer mei kofje. Hy seach de swéën del en doe sette er greate egen op.
Hy sei: "Hoe ha wy it nou, Sytse?"
Sytse hie 't net foarinoar hâlde kind. Hy moest sa hurd, dat hy wie bigong to hakseljen.
"Ik wyt it net boer", sei er.
"Ja," tocht ik by my sels, "mar ik wyt it wol." Ik tocht: "Ast net ophâldst, dan ha 'k dy moarnjoun yn 'e kiste."
Doe't wy de jouns by de itenstafel sieten, sei de frou: "Sytse, jo matte de brij yn 'e mûle dwaen."
Sytse koe de leppel net oan 'e mûle ta krije, sa bekôf wied er.
De oare moarns kom Sytse net wer. Doe lei er foar anker.
Doe sei de boer: "Nou is der gjin rie ta."
Ik sei tsjin 'e boer: "Niks gjin spul, boer. Jo hoeve ek net om in oare mier to sjen, ik rêd mei 't hiele saekje allinne."
Doe haw ik dêr fiifentritich bunder pûr-allinnich ôfmeand.

Beschrijving
Arbeiders uit Wouden gaan 's zomers naar Sneek toe naar de markt om als maaier aan de slag te kunnen bij de boeren. Jan Hepkes besluit ook zijn kans te grijpen en neemt de uitdaging van een boer aan om het op te nemen met zijn vaste maaier. Ze spreken op een bepaalde plaats af maar onderweg waarschuwt een meid hem, want die knecht maait iedereen dood. De volgende dag gaan Sytse en Jan samen maaien, met Sytse voorop en Jan erachter. Als snel raakt Sytse uitgeput en de volgende dag maakt Jan het stuk grond alleen af.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 786, verhaal 1
Commentaar
12 oktober 1969
Naam Overig in Tekst
Jan Hepkes   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21