Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ078602

Een sage (mondeling), zondag 12 oktober 1969

Hoofdtekst

Jan Hepkes koe ek alderduvelste hurd ride neffens syn eigen sizzen. Op in kear doe hied er oer iis nei Ljouwert ta west. Hy kom werom en ried de mar oer. Doe hie der in man foar him op west.
"Ik tochte," sei Jan, "dy rydt in knappe streek."
De wyn wie oast en dêr moest er yn op boarje.
Jan tocht: ik set der in poun mear op. En doe streke er dy oare foarby.
Doe't Jan oan Skûlenburch ta wie stuts er even oan by Tseardsma. Hy boun de redens ûnder wei.
"'k Hie dêr in skoftsje sitten, en 'k hie in buorreltsje hawn," sa fortelde er, "doe kom dy biwuste man der ek yn, dy't ik ûnderweis foarbyriden wie."
Dyselde gong by my sitten en hy sei: "Mei ik jo freegje hwa't jo binne?"
Ik sei: "Ja, ik bin Jan Hepkes fan 't Surhústerfean. Hoe sa?"
"Nou," sei er, "ik ha noch noait ien sjoen, dy't sa hurd ride kin. Ik bin Poepjes."
Hy wie de hurdste rider fan Fryslân.

Beschrijving

Jan Hepkes is al schaatsend naar Leeuwarden toegeweest en op de terugweg ziet hij een andere man schaatsen die hij voorbij gaat. Bij de Skûlenburcht neemt hij een borrel bij Tseardsma en later pas komt de door hem ingehaalde man binnen. Hij heeft de hardste rijder van Friesland, Poepjes met gemak ingehaald.


Bron

Collectie Jaarsma, verslag 786, verhaal 2

Commentaar

12 oktober 1969

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Skûlenburcht    Skûlenburcht   

Tseardsma    Tseardsma   

Poepjes    Poepjes   

Naam Locatie in Tekst

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Súrhusterfean    Súrhusterfean   

Surhuisterveen    Surhuisterveen   

Skûlenburch    Skûlenburch   

Friesland    Friesland   

Fryslân    Fryslân   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21