Hoofdtekst
Se gongen froeger hjirwei in bulte nei de Grinzer klaei ta to arbeidzjen. Op in kear hie skoanmem ek mei west dêr hinne. Sy kommen op in joun let werom. 't Wie in hiel ein rinnen. Sy roannen op 't spoar, dat wie 't koartste.
Dat gong rjocht op 'e Westerein oan.
Doe't se omtrint oan 'e Westerein ta wienen, doe seach skoanmem twa mannen yn 't swart rinnen, mei hiele greate swarte hege huodden op. Sy wienen sels sahwat mei har seizen en sy seagen dy beide mannen allegear, op ien nei.
Dat wie Piter, in neef fan skoanmem. Dy seach neat, sei er.
Doe sei skoanmem: "O heare, nou ha se ús sakrekt krige, en nou krije se ús wer. (hja hienen in skoftsje lyn boete krigen, omdat se op 't spoar roannen. Dat mocht net, mem seach dy twa mannen foar plysjes oan) Sy wie binaud, hwant boete mocht har net barre.
Sy gongen by de neiste reed fan 't spoar ôf. Doe koenen se by 't spoar lâns rinne, net op it spoar. De beide mannen hâldden se hyltyd yn 't sicht. Dy mannen biweegden har op it grint en dat kraste en knerpte altyd tige as dêr ien oer roan, mar dy mannen koene se net stappen hearre.
Sy sweefden. Hja hâldden it eech der op. Op 't lêst wie 't in hiele lykstaesje woarn. De regenkleden hienen de froulju mei gewelt om 'e holle wappere, dat hie skoan to hearren west.
Skoanmem en dy binne fan binaudens útnaeid, hwant it wie midden yn 'e nacht.

Onderwerp
SINSAG 0481 - Leichenzug gesehen   
Beschrijving
Mensen gaan naar de Groninger Klei om te werken en lopen via het spoor terug naar huis, waaronder schoonmoeder die twee mannen in het zwart ziet lopen. Haar neef Piter ziet ze niet. Uiteindelijk ziet ze de mannen veranderen in een lijkstoet. Ze rent snel weg.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 787, verhaal 1
Commentaar
13 oktober 1969
Leichenzug gesehen.
Naam Overig in Tekst
Grinzer klaei   
Groninger klei   
Piter   
Naam Locatie in Tekst
Westerein   
Zwaagwesteinde   
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21