Registratie zal enige tijd duren. Deze functie is in ontwikkeling.

CJ078604

Een sage (mondeling), zondag 12 oktober 1969

Hoofdtekst

As Jan mei guon opfytste, dan liet er dy oaren kapot ride, sa hurd stoude hy der oer. Dat fortelde er tominsten.
Der wie in jonge baes, dy hiet fan Aen.
Jan Hepkes kom fan Ljouwert. By de Bonkefeart helle er Aen yn.
Aen sei: "Wolle jo mei my ride, Jan?"
"Ik sei," sa fortelde Jan, "snotnoas, soest ek mei my ride wolle?" Ik tochte: ik krij dy wol, ik sil wol even trochdrukke.
It gong yn 'e wyn op. Earst hie Aen nochal hwat praetsjes, mar al gau hâldde er him stil. Doe wied er syn azem wol noadich. Mar hy woe 't net sitte litte.
Op 't Fean by de âld-skoalle, op 't hoekje, moest hy de oare kant út. Hwat wied er bliid dat er hast thús wie. Ik sette nei hûs ta.
Ik kom thús, doe sei Tsjits: "Der is ek in brievekaert kom. Mast nei Kollumerpomp ta om fellen."
Ik dronk in bakje thé en ik krige de fyts en ik sette ôf nei Kollumerpomp. Dêr helle ik in fracht hûden wei.
Doe't ik wer thús wie mei de hûden, doe sei 'k tsjin Tsjits: "'k Sil de karre ophelje, dan helje 'k de ierappels op fan 'e boat." (hwant it wie dy deis freed en 'k hie nei Ljouwert west)
Doe't ik de saterdeimoarns by de streek lâns gong kom ik yn 'e buert dêr't dy jongkeardel wenne. Doe seach ik syn mem dêr. Ik sei: "Goeije morgen."
"Morgen", sei se, mar dat klonk net botte freonlik.
Doe sei se: "Hwat hastû juster mei ús Aen úthelle?"
Ik sei: "Hy is mei my fan Ljouwert fytst. Hoe dat sa?"
"Och," sei se, "is my dat nou jeijen? Dy jonge leit op bêd en alles docht him sear. En as ik him oanreitsje raest er krekt as in forfangene baerch."
"Eigen skuld," sei Jan, "hy woe mei my fytse. Dan wyt er dàt nou èk, mei hwa't er fytst hat."
(in forfangene baerch is in baerch dy't pasjintich is. Sa'n baerch docht alles sear, hwer't jo him mar oanreitsje)

Beschrijving

Jan Hepkes komt uit Leeuwarden en haalt bij de Bonkevaart Aen in en Aen daagt hem uit. Jan gaat erop in maar tegen de wind in raakt Aen uitgeput en is blij dat hij thuis is. Als Jan terugkomt hoort hij van Tsjits dat hij een vracht huiden op moet halen in Kollumerpomp en daarna zal hij Tsjits helpen met de aardappels. Op zaterdagmorgen komt Jan in de buurt waar Aen woont en diens moeder vraagt hem wat hij uitgespookt heeft met Aen,want alles doet hem zeer. Dat komt door het fietsen.

Bron

Collectie Jaarsma, verslag 786, verhaal 4

Commentaar

12 oktober 1969

Naam Overig in Tekst

Jan Hepkes    Jan Hepkes   

Tsjits    Tsjits   

't Fean    't Fean   

Bonkevaart    Bonkevaart   

Naam Locatie in Tekst

Aen    Aen   

Ljouwert    Ljouwert   

Leeuwarden    Leeuwarden   

Kollumerpomp    Kollumerpomp   

Heerenveen    Heerenveen   

Bonkefeart    Bonkefeart   

Datum Invoer

2013-03-01 14:46:21