Hoofdtekst
Myn wiif hie froeger in kammeraetske. Dy har pake wie in apart man. Hy hie in kammeraet. Dy beiden hienen elkoar biloofd, hwa't it earst stoar fan har beiden, dy soe werom komme en dy soe sizze hoe't it dêr yn 't hjirneimels wie.
Dy kammeraet fan har pake stoar.
In pear nachten letter woarde der hyltyd by har pake kloppe, midden yn 'e nacht.
Har pake wie fjûrbinaud en doarst der net út to gean.
Mar op 't lêst gong it sa raer, doe hie der sa'n leven west, dat doe hied er de doar dan iepen dien en doe hie dêr syn kammeraet stien. Har pake wie deabinaud.
Dy kammeraet hie sein: "'t Is dêr net bêst, jonge."
Dit hat syn eigen dochter oan myn wiif forteld.

Onderwerp
SINSAG 0477 - Begegnung mit Geistern.   
Beschrijving
Twee mannen hebben met elkaar afgesproken dat degene die het eerst sterft verslag uitbrengt hoe het in het hiernamaals is. Als een van hen doodgaat klopt hij inderdaad midden in de nacht op de deur. De ander is doodsbang op dit geklop, en als ze elkaar treffen, zegt de dode dat het daar niet best is.
Bron
Collectie Jaarsma, verslag 787, verhaal 3
Commentaar
13 oktober 1969
Begegnung mit Geistern.
Datum Invoer
2013-03-01 14:46:21